Wethâlder Minkes: It argumint oangeande it bestimmingsplan is ien fan de arguminten. It is oan de ried om oan te jaan hoe't men der tsjinoan sjocht. Oan in mooglike útwurking fan in boulevard is men noch lang net ta. De hear Riemersma (FNP): De boulevard soe in dream wêze. By in rekreaasjewente op de Bird mocht der 50 kante meter byboud wurde. Dan mei in ûndernimmer dochs wol in loads me. in wat gruttere omfang der delsette? Hy kin him it béste fine yn de arguminten fan de oanfreger. De hear Van der Sluis (VVD): It hok past goed op it plak. It soe foar de VVD dan ek trochgean moatte kinne. Mefrou Meinderts (CDA): Sy fynt seis it plak fan de oanfreger wol in goede ynfolling. Miskien moatte de maten noch in bytsje oanpast wurde. De hear Vellinga (PvdA): De ried soe neffens in wethâlder yn in mail net safolle op hawwe mei it streekplan De PvdA fynt it argumint oangeande in krekt fêststeld bestimmingsplan wol deeghk op syn plak. Op grûn fan de lûden yn de ried soe it kolleezje nochris oerlis hawwe moatte me. de oanfreger. De PvdA is der noch net út. De hear Van der Meer (GB): Er is al meerdere malen gevraagd om bij voorstellen met alternatie ven te komen. Dat had hier prima gekund. Wethâlder Minkes: By de planology moat men wol altyd útgean fan de oanfraach. De foarsitter: Zij stelt voor dat het college met een aangepast voorstel komt. De hear Hemminga (GB): Dan soe it kolleezje ien en oar ek oerlizze moatte mei de oanfreger. Dan hat men in tal alternativen/senario's. De foarsitter: Stelt vast dat voor het besluitvormende deel van de raadsvergadering in augustus er een voorstel met een aantal alternatieven naar de raad komt. As B-stik nei de ried. 10 MINUTEN SKOFT 4. BESLUTFOARMJEND 4.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 4.2 oant 4.1 De hear Galema sprekt yn op 4.5. Sjoch bylage. 4.2 Foarjiersnota De hear Van der Woude (PvdA): De titel en de ynhâld binne fan tapassing op de gemeente. freget in protte fan kolleezje, amtlik apparaat en ried. De spearpunten hawwe de vnstirnm.ngian de PvdA De besunigingstaakstelling foar 2009 hat foarlopich de ynst.mming fan de PvdA. Men wol de foarstellen letter ôfsûnderlik ôfwage. Hy nimt oan dat de ynformaasje oer de p.pel.nepro- jekten der by de beslútfoarming is. Men hat in pear oeren lyn in oanpast beslút fan it kolleezje krigen. De maaitiidsnota jout it ske et oan fan de begrutting 2009. Takom jier wol men in suver foarstel oangeande de maaitiidsnota. De punten oer de bestjoerlike posysje fan de gemeente binne yn it oanpaste beslut der terjochte utlitten. De nûmers 2, 3 en 4 hearre neffens him net yn in maaitiidsnota. Foar de rest kin de Pv dA dermei akkoart gean om de foarjiersnota foar kundskip oan te nimmen. Pagina 12 1 03 Ferslach riedsgearkomste 24]uny 2008/odab/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 38