De hear Bouma (VVD): De VVD hie har mear fan de maaitiidsnota foarsteld. Der is de needsaak om ynkoarten de saken goed op in rychje te setten. Der is konkreet noch mar in bytsje ombugd. Der wienen gjin meidielings oer de brede skoalle, mar neffens deputearre Galama op Omrop Frys- lân soe der gjin ekstra jild foar beskikber steld wurde. Yn it neijier sil dúdliker weze hoe t men der foar stiet. In slutende begrutting sil wol in hiel drege saak wurde. De hear Hemminga (GB): Der moatte noch hiel wat saken útwurke wurde en by de neijiersnotysje ferwachtet er datoangeande mear konkrete foarstellen. By de diskusje oer de brede skoalle hie men leaver yn de earste termyn heard dat der oerlis wie mei de provinsje. len en oar moat yn de neijiersnotysje wol goed útwurke wêze. GB is akkoart mei oanpassing fan it foarstel. Mefrou Veldstra (FNP): De maaitiidsnota liket in minne foarboade foar de begrutting 2009. Der komt gjin Frysk wurd yn de maaitiidsnota foar. It is it jier fan de wurklikheid, in oergongsjier ens- afuorthinne. Dat binne allegearre saken dêr't men net fleurich fan wurdt. Der sil hiel hurd yn de orqanisaasje wurke wurde moatte. Men soe in finansjeel herstelplan binnen 4 jier ferwachtsje kinne. Men is bliid dat de problemen no einliks in kear troch it kolleezje ûnder eagen sjoen binne. Sy ferwachtet ankom jier resultaten en in goede rapportaazje nei de ried ta. It is no noch in opsomming fan feiten en men kin gjin kar meitsje út saken. De PvdA hat derop oantrúnd omdat men oars net ta beslútfoarming oergean woe. Pas begjin oktober soe men konkreet sicht krije op de besunigings. Op it léste momint kaam der noch in oanpast beslút fan it kolleezje. De takomst en de fisy binne der úthelle. It it sp.tich dat punt 7 fan it eardere beslút der úthelle is om yn te stimmen mei de útgongspunten foar de kaders fan it finansjeel herstel. De hear Zijlstra (CDA): De maaitiidsnota is spitigernóch feitlik wat in politike domper. Men moat ûnder it previntyf tafersjoch fan de provinsje útkomme en dêrtroch moat men keuzes meitsje en sykje nei gearwurking en nei mear ynkomsten. Men sil it ferkiezingsprogramma weroerwage moatte. It twingt ek ûndernimmers en organisaasjes om nei te tinken oer plannen. Elkenien moat syn eigen ferantwurdlikheid nimme. In Federaasje fan Doarpsbelang soe bygelyks seis in miljeube- liedsplan opstelle kinne. Men moat prikkelje en útdage. Dat jout mear draachflak as de ynhier fan externen. Undernimmers soenen ek mei útwurke plannen komme moatte. It bednuweterrein fan Reduzum is in goed foarbyld dêrfan. Der binne genôch organisaasjes (Welkom, Plattelansprojek- ten, de NOM, SAR, tsjerken, fakbûnen ensafuorthinne) dy't dêrby help biede kinne. Dan krijt men in sterke mienskip dêr't minsken graach yn wenje en wurkje wolle. De spearpunten fan it kolleezje binne foar it CDA akkoart. It finansjele herstelplan is ek m goede saak. Men nimt kundskip fan de foarjiersnota. Wethâlder Van der Meulen: De maaitiidsnota sil oar jier yn normale propoarsjes foarlizze. It kol leezje is drok dwaande om de besunigings boppe wetter te krijen. Foar 2009 moat de begrutting slutend wêze. Men krijt saken better yn byld. As boargers net betelje dan krije dy ek earder in oanmoanning. De pipelineprojekten sille yn de hjerst yn byld komme. De hear Van der Woude (PvdA): Jout rjochting de FNP noch oan dat men de maaitiidsnota no net fêststelt, mar dat men der kundskip fan nimt. Earst moatte de pipelineprojekten yn byld wêze. De hear Bouma (VVD): It soe wol in wûnder wêze dat de begrutting 2009 op oarder komt. It is spitich dat der noch konkreet jild troch de JOK-planne is. Der binne wol berjochten dat minsken oer de ôfrûne 13 jier noch grêfrjochten betelje moatte. De hear Van der Woude (PvdA): Giet de hear Bouma dêrfan út dat der net oan it JOK wurke wurdt? Pagina 13 1 03 Ferslach riedsgearkomste 24 juny 2008/odab/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 39