De foarsitter: Zo is het inderdaad bedoeld. 3.2 Foarjiersnota Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA hat sa'n 12/13 fragen dy't by de griffier ofjun binne en sy wachtet earst de antwurden derop óf. Der wurdt nochal wat fan de gemeente ferwachte. Yn de oanbiedingsbrief stiet it motto 'Op weg naar een toekomst'. Wêrom is de ma.t.idsnota net yn it Frysk? De oanbiedingsbrief hie yn alle gefallen yn it Frysk steld wurde kinnen. Yn it leste Jier bin ne faak negative saken nei foaren kaam. Men hat in protte ambysjes en der k.nne in protte fan net wiermakke wurde. Men moat lykwols ek sjen nei de saken dy't wol ta stan kommen binne, lykas de spoarbrêge yn Akkrum en projekten yn it ramt fan it Wetterfront. It kolleezje hat it lef om de saken oan te pakken troch û.o. it mes yn eigen fleis te setten. De moat 750.000 euro besunige wurde yn de organisaasje en dan moat der noch 1 miljoen it Jier oan ynsidintele middels fûn wurde sadat alles mei-inoar yn 2012 sa'n 6 miljoen opsmiten hat. De PvdA-fraksje is it dermei iens dat der besunige wurdt, mar men hat net safolle keuzes. En men hat gjin achterlizzende stikken. Dêrom wol har fraksje mear achtergrûnynformaasje krije u o. oer subsydzjes en Ófspraken oer projekten lykas it Fryske Marreprojekt en de SteandeMestrute. Dv vnformaasje moat men hawwe foardat men ta beslútfoarming komt. Yn earste ynstânsje wol sy ek noch wat sizze oer de bedriuwsfiering. Men is noch hyltyd op tredden oanwiisd foar it útfieren fan de wetlike taken. Hoe sit dat no krekt? De hear Zijlstra (CDA): Wol de PvdA noch ynformaasje hawwe oer oare projekten? Mefrou Dekker (PvdA): Men wol ynformaasje hawwe oer de pipelineprojekten. De foarsitter: Zij wil graag een toelichting bij wat mevrouw Dekker bedoelt met haar opmerking over de bedrijfsvoering. Mefrou Dekker (PvdA): Der bliuwe wetlike taken oer dy't útf.erd wurde moatte. IHat men dêr noch tredden foar nedich? Of hat men dy net nedich en kin men sa dochs noch 750.000 euro besparje op de bedriuwsfiering? Mefrou Veldstra (FNP): It is in somber senario. Sa stiet de gemeente ûnder previntyf tafersjoch, moatte der weroerwagings makke wurde, is de bedriuwsfiering net op oarder en wol men nei in lytsere amtlike organisaasje. Fan al dy saken wurdt men net fleurich. Op s.de 1 15 men ^0"gen fan in tal útgongspunten. It is in goede saak dat der in planning op makke wurdt. De FNP hat der vn it ferline ek faak op oantrúnd. De besunigingsfoarstellen moatte noch útwurke wurde. Der sitte wol saken yni dy noch punt fan diskusje wêze sille. It is spitich dat men net krekt wit wat foar fragen de PvdA foarlein hat. Mefrou Dekker (PvdA): Men moat gjin diskusje oer technyske fragen fiere en dêrom binne dy fra gen skriftlik ynstjinne. Mefrou Veldstra (FNP): It is soms lestich om in ûnderskied te meitsjen tusken in technyske en in ïTis^noch net krekt dúdlik hoe't it sit mei Abbemastate (oerienkomst mei Coltavast). Men mist spitiqernóch de werstrukturearring. Op side 6 wurdt oer de besunigingen praat. Wer tinkt it kol leezje oan by it beheinen fan de foarsjennings? De ried hat besunige op de oeren fan de griffier. Wol it kolleezje seis ek besunigje troch minder oeren foar de wethâlders út te lûken? It stik achteryn by 5.3 (strukturele wizigings) ropt wat ûndúdlikheden op. By it stik dat men al hie wie der sprake fan 85.000 euro yn de plus en by it neitsjoerde stik is it 11 5.000 yn de min. Pagina 4 1 03 Ferslach riedsgearkomste 10 juny 2008/odab/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 8