De oeren foar de meiwurker op de griffy binne ta goedkarring oan de provinsje foarlein. Wat wie de reaksje fan de provinsje? Hokker foardiel hat it keapstreamenûndersyk fan de Keamer fan Ke- aphannel foar Boarnsterhim? Wannear komme de beide wennings fan de Kaap yn de ferkeap. Der soe besocht wurde om it tal beswierskriften omleech te bringen, mar dat is net slagge. Binne by de gearwurking fan de brânwar de minsken fan Boarnsterhim ek ynsetber by oare gemeenten^ Hat dat neidielen of konsekwinsjes? De doelútkearing Sintrum foar Jeugd en Gesin moat men ek O^ngVande^t sTeTrpunt befoardering fan it Frysk yn it primêr ûnderwiis: hoe jout it kolleezje dat spearpunt stal? Slagget it om by de ferpleatsing fan de sport yn Grou alles undertekene te DeThaTneffens ^har'al in ûndersyk nei it fytspaad Grou-Warten west. Hokker brêge wurdt bedoeld by de meiwurking oan in pilot ferleging betsjinning fan brêgen? Moat de brege oande no al of net ticht? Is der noch wat út it ûnderhâld mei help fan de jongere.n fan de wachthokjes kommen? De daamwand yn de Abbewiersterdyk driget wei te sakjen. Der binne noch al wat swiere auto's foar de oanlis fan de gaslieding delkommen. Is dêrby noch wat te ferheljen? Km der ek noch wat ferhelle wurde op de dieders fan de fernieling fan ferkearsbuorden? Der is blykber in grutte flater makke by de rûzing fan de kosten foar de betsjinning fan de bregen. Der .s ferhne by de post ynhier tredden ek al jild beskikber foar steld. Is de ynsprekker fan de sinnepontsje wol te- freden mei it stik? Der is in lyts foardiel by de WMO. Is it te heech ynset? It moat no ris in kear dien wêze mei de 'weeffouten'. Datselde jildt foar de automatisearring. K Oer it ûnderhâld fan de technyske ynstallaasjes fan it gemeentehûs: It is dochs gebruklik dat y in nije ynstallaasje der nije kontrakten ôfsletten wurde? De foarsitter: Meldt dat de heer Van der Woude (PvdA) inmiddels aanwezig is. De hear Hemminga (GB): Op de oanbiedingsbrief stiet 'Op weg naar een nieuwe toekomst'. Der moat in protte oanpakt wurde. It kolleezje fynt dat der weroerwag.ngs makke wurde moa te. Der wurdt lykwols net bot konkreet makke wêr't no dy mooglikheden lizze. Yn besteand behed soe men neffens him besunigingen helje kinne. Op side 5 wurdt de besuniging op kosten fan de amtlike organisaasje neamd. Oer wat foar taken qiet it dan by it skrassen fan taken? Der hat ek oerlis west mei de ofdielingshaden. Meni so>e op in oare wize foar minder jild de taken útf.ere kinne. Hoe moat er him dat foarstelle? Wurdt der dan net effektyf wurke? Mefrou Dekker (PvdA): Freget de hear Hemminga oft it wol in taak fan de ried is om oer de be- driuwsfiering te praten. De hear Hemminga (GB): Dat liket him fan wol omdat it om de finansjele posysje giet. De bedri- uwsfiering is in wêzentlik ûnderdiel fan dy posysje. Mefrou Dekker (PvdA): Mar men soe der dochs net yn detail op yngean moatte. De hear Hemminga (GB): Hy hat net konkreet oanjûn oer hokker taken hy it hat Dy diskusje sil noch plakfine moatte as dudlik is om hokker taken it giet. Der soe neffens it stik in miljoen oan oanfoljende finansjele middelen komme. Hy is nijsgjirrich nei wat it kolleezje mei de oanbelangj- ende passaazje bedoelt. Wat hat it kolleezje dan noch op it each by dy finansjele mooglikheden. It partikulier inisjatyf soe neffens it kolleezje wer mear omtinken krije moatte Mar dan moat men as gemeente seis net mear oer de eksploitaasje gean moatte en de foarstelde oanstelling fan in havenmaster is dêr dan ek stridich mei. Is it wol sinfol om de ferkearsbuorden te ynventarisearjen? Guon saken binne net goed begrutte lykas op it mêd fan planskea, betsjinning brêgen en beropsprosedueres. Soks soe men reeel be- Pagina 5 1 03 Ferslach riedsgearkomste 10 juny 2008/odab/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 9