Mefrou Meinderts (CDA): It is needsaaklik, alhoewolt't sy it oanbringen fan meganyske fentilaasje by de toiletten (side 3) no net sa ferskriklik needsaak fynt. Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA fynt dat it útfierd wurde moat want it is in wetlik en morele taak fan de gemeente. Sy hat in protte wurdearring foar de fleksibele hâlding fan it ûnderwns yn Boarnsterhim. Wethâlder De Vries: It giet hjir om wetlike taken en de provinsje sil der wol fan oertsjûge wêze dat it útfierd wurde moat. Oangeande de meganyske fentilaasje: 'it rûkt dêr'. De hear Seldenrust (FNP): Hat der al kontakt west mei de provinsje? Wethâlder De Vries: Der binne algeduerigen kontakten mei de provinsje. Hy sil dat oangeande dit punt noch neigean. Twadde termyn De hear Bouma (VVD): Hy slút him oan by de opmerking fan mefrou Meinderts oer de meganysle fentilaasje. Der stiet dat 'het heel zorgvuldig zal moeten worden gecommuniceerd Men moat dus wol it foarbehâld mei de provinsje ûnder eagen hâlde. De hear Van der Meer (GB): Het moet en daarom moet het zo snel mogelijk uitgevoerd worden. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.2 Foarstel startnotysje m.e.r. (milieueffectrapportage) golfbaan Goatum De hear Riemersma (FNP): De FNP sit net op sa'n plan te wachtsjen. Dêrom is der doedestnds ek in moasje troch de FNP ynstjinne. Earst moasten der fan de inisjatyfnimmer 50 húskes komme en no kin men blykber mei 20 út. Dat bliuwe lykwols foar de FNP 20 tefolle. As yn itselde gebiet in tal boeren ophâlde en dy soenen in tal hûskes bouwe wol dan is der neat mooglik en dêrom moat men der no by in golfbaan ek net oan wolle. De hear Van der Meer (GB): Cosmetisch verandert er niets bij de verandering van aantallen. De raad heeft destijds een seintje willen geven om duidelijkheid aan de ondernemer te verschaffen. De hear Vellinga (PvdA): Prosedureel moat men beslute oer it frijjaan fan de startnotysje foar de MER. It bringt foar de gemeente gjin kosten mei. Hy kin it foarstel stypje, mar dat betsjut net dat de PvdA achter it plan stiet. De arguminten binne feroare. Oarspronklik gie it oer 50 wenten en no stiet der fan 20 oant 50. Binne dy 20 al tasein of is dat in fersin? De hear Van der Sluis (VVD): It lânskip moat dêr iepen bliuwe. In golfbaan soe der eventueel noch wol passé, mar bebouwing is dêr net op syn plak. De VVD is der net sa bot foar dat it no fierder giet. Mar men kin neat tsjin hawwe op it frijjaan foar de ynspraak. De hear Zijlstra (CDA): It CDA wol safolle mooglik ynformaasje om beslute te kinnen. Dêr is in MER in goed ynstrumint ta. De inisjatyfnimmer hat syn easken al wat bysteld. It CDA wachtet it advys fan de kommisje óf en dan komme letter noch de sjenwizen dy't ek by de definitive ôfwa- ging belutsen wurde sille. Hy kin ynstimme mei it foarstel. Wethâlder Minkes: It is in startnotysje dêr't op reageard wurde kin. It gebiet is oanwiisd ta rekre- atyf ûntwikkelingsgebiet en sy fynt de ferliking fan de hear Riemersma wat flau. De tiid sil leare oft it plan realisearre wurde kin. By de MER hat de ried it léste wurd. Pagina 7 1 03 Ferslach riedsgearkomste 19 augustus/odab/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 10