Mefrou Dekker (PvdA): Der wurdt in MER oanfrege. Stel dat de ried dêrmei akkoart giet en dat de ried letter net mei de plannen fan de inisjatyfnimmer akkoart giet, binne de kosten fan de MER dan foar de inisjatyfnimmer? Wethâlder Minkes: De kosten foar de MER komme foar rekken fan de ûndernimmer. Der binne gjin kosten foar de gemeente oan ferbûn wat de útkomst ek wêze mei. Twadde termyn De hear Riemersma (FNP): Hy fynt syn ferliking net flau. It feit is dat it no ûnder it mom fan in golfbaan plakfynt en boeren hienen foar húskes gjin inkelde kâns krige. Hy hat in flater makke, want hy tocht dat it noch om de mieningsfoarmjende behanneling gie. Der stiet yn oft men de startnotysje frijjaan wol foar de útspraak. Hy wol dat dus earst noch graach mei syn fraksjegenoaten oerlizze. De hear Van der Meer (GB): De kosten van de MER dus zijn voor de ondernemer. Geldt dat ook voor de uren van de ambtenaren? Wethâlder Minkes: De amtners hawwe dermei te set west, mar dat stelt net folie foar. De hear Van der Meer (GB): Het gaat dus nu nog om peanuts. De golfbaan zou de gemeente niets kosten. Nu niet en straks ook niet? Wethâlder Minkes: Dan komme de leezjes ek om 'e hoeke. De foarsitter: As B-stik nei de ried. 3.3 Foarstel om yn te stimmen mei it bouplan Waterpark Sneekerrmeer yn Terherne mei ta- passing fan in frijstellingsproseduere artikel 19 lid 1 WRO en yn te stimmen mei oanfoljende wol- stânskritearia Wethâlder Minkes: By it riedsfoarstel siet in tekening en yn de map in oare. Dy fan de map is de krekte. De hear Van der Meer (GB): Op pagina 3 staat dat er een te lange periode voorbijgegaan is om nu nog tot handhaving over te gaan. Wat is een te lange periode? En kan dat ook gelden voor de le galisatie van permanent bewoonde woningen? De hear Van der Sluis (VVD): De VVD stiet posityf foar it foarstel oer. De hear Riemersma (FNP): Hy hie earder in petear hân mei de wethâlder en de amtner. Hy is lyk- wols aardich troch de ferkearde tekening yn de problemen kommen en dat wie tige ferfelend. Hy fynt it oars in tige moai plan. By de ynlieding wurdt oer de tagonklikheid fan it strân en de pier praat. Hy wol graach de befêstiging hawwe dat it 'iepenbier' tagonklik is. Hy kin nearne fine hoe heech de nije brêge wurdt. Der sille fêst in protte sloepen lâns moatte. In besteand brechje fier- derop is 1.30 m heech en dat moat hiel faak omheech. Hy hopet dat de nije brêge op 1.80 m komt. Hy hopet boppedat dat de behearder sa gau mooglik in boufergunning krijt. Mefrou Meinderts (CDA): Der wurdt romte jûn oan ferskillende doelgroepen. Men hat op besite op de camping west en men hat al in stik kwaliteitsferbettering sjoen. Sy hat begrepen dat it strân en de pier iepenbier bliuwe. De behearder wol de wenning wol slope, mar hat noch net in boufergunning. Wêr heakket it op? Pagina 8 1 03 Ferslach riedsgearkomste 19 augustus/odab/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 11