Mefrou Meinderts (CDA): It CDA hat ek op dizze camping west. De fêste kampearders hawwe it dêr altyd nei it sin hân. It liket derop dat men te min rekken hâldt mei harren belangen. Men kin lykwols net yn it belang fan de ûndernimmer trede. It bouplan sjocht der goed út. De hear Vellinga (PvdA): Hoe stiet it mei de diversifikaasje oan huzen? Hoefolle ferlet is der fan hierwentsjes, fakânsjewennings, steanplakken ensafuorthinne yn Terherne? Mei de Klassike Skippehaven is der al wat hiel wat feroare. De PvdA hat de yndruk dat oan de rjochten fan de âlde gebrûkers fan camping Oan 'e Poel net alhiel rjocht dien wurdt. Hat der in konstruktyf petear plakfûn tusken dy minsken, de eigner en de gemeente? Binne der alternativen foar dy minsken? In camping yn it midden liket him gjin goed alternatyf. Wurdt it nije plan wol in ferfraaiing fan it oansjoch? Men moat de 'binnenplanse' frijstelling net brûke om alles maksimaal oan te passen. De hear Van der Sluis (VVD): De camping moat hiel hurd opknapt wurde. Hat de gemeente wat yn te bringen oer it ferpânjen fan de camping? De hear Riemersma (FNP): Hy hat him ek dwaande hâlden mei de sosjale kant. De grûn wie oar- spronklik fan de mennistetsjerke en it gebrûk wie bedoeld foar de earmen. De earmen sille dy húskes net keapje. Mar de mennistetsjerke hat seis besletten dat it net mear fan tapassing wie doe't se de grûn ferkochten. De eigner kin net wat eksploitearje dêr't er gjin nocht oan hat. Men sil him yn 'e mjitte komme moatte. Der bliuwt boppedat noch plak foar de kampearders oer. It útsicht feroaret ek net, want foarhinne stienen der ek steancarvans foar. De gemeente hat doedestiids besletten om it te priva- tisearjen en hat dêrmei it sosjale aspekt loslitten. Der stiet 'De landelijke norm voor recreatiewoningen op recreatieterreinen ligt rond de 30 per hectare. Voor Oan 'e Poel is een uitzondering gemaakt, waar wij gezien het karakter 40 recrea tiewoningen per hectare acceptabel vinden.' Hoe moat er dat begripe? De hear Vellinga (PvdA): Hat de hear Riemersma wolris in steancaravan fan 7 m heech sjoen? De hear Riemersma (FNP): Hy kin ek gjin minske dy't oer in steancaravan fan 2,5 m heech sjen kin. Wethâlder Minkes: Der hat by de notysje oer de ferbliuwsrekreaasje in ynventarisaasje west en dat hat it kader west. De fakânsjewenningen oan de strâncamping binne 70 m2 en dy Oan 'e Poel 45 m2. Der wurdt romte frij hâlden foar it toeristysk kampearen. Oangeande de 'uitpanding': Der moat de mooglikheid bliuwe foar de trochstreaming, sadat safolle minsken yn 'e kunde komme kinne mei Terherne. Der lei in foarûntwerpbestimmingsplan mei de mooglikheid fan 'binnenplanse' frijstelling. Der moat neffens har fariaasje yn hichte wêze. Men is op it tal fan 40 útkommen omdat it yn in wat smûker gebiet leit. Der is in miks fan sjalets en kampearplakken. It oarspronklike plan wie wat bombastysker. It foarlizzende plan slút dus oan by wat de ried yn 2004 fêststeld hat. Sy wiist derop dat it gebiet dúdlik in oar gebiet is as dat fan de strâncamping. Twaddetermyn De hear Vellinga. (PvdA): Men moat yndied stribje nei fariaasje. It giet him lykwols wat te koart troch te bocht troch foar elk punt de maksimale frijstelling te brûken. It giet wol om private ei gendommen, mar yn Onderling oerlis kin men mei eigners fêst wol wat berikke. Hat der in kon struktyf oerlis west? De PvdA fynt it gjin A-stik. Pagina 10 1 03 Ferslach riedsgearkomste 19 augustus/odab/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 13