De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.8 Foarstel om fêst te stellen de feroardering GBA Boarnsterhim 2008 By dit punt nimt de hear Van der Sluis it foarsitterskip oer. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.9 Foarstel om sjenswize te jaan oer it jierferslach en jierrekken 2007 en yn te stimmen mei de begrutting 2009 fan de Gemeenschappelijke Regeling Fryslân-West De hear Riemersma (FNP): Hy hat muoite mei de formulearring 'De raden kunnen binnen 8 weken hun gevoelens doen blijken.' Men moat dochs gewoan sizze kinne wat men dêrfan fynt? De foarsitter: Het zijn nu eenmaal de juridisch vastgestelde termen. De hear De Jong (PvdA): De complimenten richting Empatec. Het is destijds een goede keuze geweest om met deze werkvoorziening in zee te gaan. De hear Riemersma (FNP): Der stiet 'kunnen'. It hoecht dus net. Men hat neffens him de ûnt- werpbegrutting net earder sjoen. Wethâlder Minkes: Miskien wol net, mar dan hat men it no wol dien. De hear Riemersma (FNP): De ûntwerpbegrutting is op 28 april tastjoerd. 'De raden kunnen...'. It hoecht dus net. Men hat it noch net ûnder eagen hân. Wethâlder Minkes: It stiet har by dat it wol earder oan de oarder west hat. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.10 Foarstel om meiwurking te ferlienen oan de bou-oanfraach fan in jongfeestâl en mest- bassin op it perseel Marsherne 11 yn Poppenwier mei tapassing fan in frijstellingsproseduere arti kel 19 lid 1 WRO Mefrou Meinderts (CDA): Past it fersyk yn it nije bestimmingsplan bûtengebiet? Of is de tapas sing fan artikel 19 brûkt fanwegen de tiidwinst? De hear Riemersma (FNP): De FNP is foar it foarstel. Op side 2 oangeande de Ijochtfersmoarging: Dêr hoecht men jin gjin soargen oer te meitsjen, omdat oan alle kanten al aardich wat saken ste- ane dy't it Ijocht opkeare. Moat men lykwols net wat oan de serrestâlen dwaan? It hiele bûten- gebiet moat der net fol fan komme. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is akkoart mei it foarstel. Graach in tekening derby om sjen te kinnen wêr't de neamde saken komme. Wethâlder Minkes: It is in artikel 19 proseduere omdat it ûnder it âlde rjocht oanfrege is. By de stikken fan de bou-oanfraach sitte de tekeningen. De hear Van der Sluis (VVD): Dat jout in protte ekstra gedoch om soks op te sykjen. Wethâlder Minkes: It giet derom as men fan it bestimmingsplan ôfstappe wol. Om fanút it âlde belied al fêst te sjen nei it nije belied. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD hat fuortdaliks al sein dat men foar wie. Pagina 12 1 03 Ferslach riedsgearkomste 19 augustus/odab/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 15