BOARNSTERHIM Griffy Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op woansdei 20 augustus 2008 om 20.00 oere yn de Riedseal fan it gemeentehûs oan de J.W. de Visserwei 10 te Grou Oanwêzich: Foarsitter: mefrou P. Schadd-de Boer Griffier: de hear M. Gelissen De riedsleden: fan de PvdA: mefrou P.M. Esser, mefrou J. Dekker-Hoogeveen en de hearen T. de Boer, B. de Jong, H. Vellinga, J.W. de Visser en R. van der Woude fan GB2000: - fan de VVD: de hearen M. van der Sluis en S. Bouma fan it CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga en de hearen J.S. Zijlstra en H. Looijenga fan de FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga en de hearen S.J. Riemersma en de hear A. Seldenrust De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: wethâlder mefrou M.E. Minkes Fan de jongereinried: Fierder oanwêzich: G. Heeringa (gemeentesekretaris) Mei kundskip ôfwêzich: de hear S. van der Meer (G2000), de hear J. Hemminga (GB2000) en de wethâlders de hear D. van der Meulen en de hear A.J. de Vries lepenje De foarsitter iepenet de gearkomste dy't in fuortsetting is fan de gearkomste fan de foange juns (19 augustus). De heer Seldenrust zal wat later komen. 3.14 Foarstel om fêst te stellen it bestimmingsplan Akkrum bedriuwenterrein Spikerboor en Polsleatwei Mefrou Meinderts (CDA): Sy sit wat mei de sjenwizen dy't ynlutsen binne. Werom is dat bard. Komme de bedriuwen net yn 'e knipe troch de lûdkontoeren as dy har fierder ûntwikkelje wolle? Wethâlder Minkes: Mei in tal minsken hat oerlis west en dat hat soms derta laat dat men de sjenwizen ynlutsen hat. De lûdkontoeren binne der ek om foar te kommen dat wenningbou en bedriuwen inoar yn it paad sitte. Dy jouwe oan wat maksimaal mooglik is yn sa'n gebiet. Dat is ek yn oerlis mei de bedriuwen ta stân kommen. Spikerboor hat earder yn de ried west en doe hat benammen de saak fan de UMTS-mêst omtin- ken hân. Foar it oare wie de diskusje oer Spikerboor wol útiten. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.15 Foarstel om sjenswize te jaan oer de konseptbegrutting Marrekrite 2009 en mearjierren- raming 2010-2012 Mefrou Veldstra (FNP): Der stiet yn it stik troch de bydrage maksimaal te ferheegjen troch mear doelgroepen by de wimpelaksje fan de Marrekrite te belüken.' Men hat foarljochting hân oer 1 03 Ferslach nedsgearkomste 20 augustus/odab/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 19