lyts plak wolle de minsken ek graach sa'n foarsjenning hawwe. Yn Wergea is der in protte fraach nei. Wurdt der by it beslút wol oan de minsken yn de gemeente tocht? 4.2 Foarstel bedriuwenterrein Reduzum De hear Van der Sluis (VVD): It hat no eins gjin sin om in kar te meitsjen út de twa senario s. Wethâlder Minkes hat it plan om sjippe holpen. Neffens it âlde streekplan koe it wol. Neffens in sitaat út 2004 moast der foar de lytse doarpen in mooglikheid wêze foar in bedriuweterrein bin nen it provinsjale belied. De ried hat it kolleezje de opdracht jûn om it plan posityf oan de provins- je foar te lizzen. De deputearre is ynflústere hoe't sy de oanfraach wegerje moast. In hiele rigele bedriuwen kin no net foarút. Der is nearne plak foar dizze bedriuwen yn de gemeente. De foarsitter: Er wordt de raad gevraagd om een keuze gemaakt uit de twee scenario s. De hear Van der Sluis (VVD): De ûntwikkelers fan it plan wolle no net mear trochgean en dat komt troch de opstelling fan it kolleezje. Dêrmei jildt foar de VVD senario 2. De hear Seldenrust (FNP): Hy is it yn grutte halen iens mei de foarige sprekker. Hat men wol dud- ük genôch west nei de wethâlder west, want der is neat posityfs útkommen. It is in hiel tryste saak De ûndernimmers fan Reduzum binne yn de steek litten. Neffens him soe in ekskús nei de ûndernimmers ta op syn plak wêze. Hy neamt it probleem fan de beropsftsker. De FNP soe graach wolle dat der nei in oplossing socht wurdt. De man soe fan it kolleezje te hearren krije moatte dat hy trochgean kin mei it ûntwikkeljen fan in plan, sadat it bedriuw foar Reduzum e- hâlden wurde kin. Hy hat begrepen dat de provinsje der posityf foaroer stiet. De FNP is mei pine yn it hert foar opsje 2. De foarsitter: Vraagt de raad om een uitspraak over het instemmen met voorstel 2. De hear Bouma (VVD): De VVD stimt dermei yn mei pine yn it hert. Der binne gjin goede alterna- tiven. De hear Seldenrust (FNP): De FNP slút him derby oan. De foarsitter: Er wordt conform scenario 2 van het voorstel besloten. 4.3 Foarstel om yn te stlmmen mei útfiering maatregels ûnderhâldsplan Begraafplakken De hear Looijenga (CDA): It CDA is foar it foarstel. It is spitich dat der gjin foarsjenning foar ur nen yn Wergea is. Der is wol plak foar, mar der is gjin finansjele romte. lt soe as oanfolling op it ûnderhâldsplan meinommen wurde kinne. By in tafaller, bygelyks by it baggerjen, soe dat as startkapitaal brûkt wurde kinne. Mefrou Veldstra (FNP): Sy wiist op side 54 fan it boekwurkje. Allinne doarpen mei mear as 3000 ynwenners soenen yn de beneaming komme foar in foarsjenning foar urnen. De FNP hat dêr doe nei frege Wêrom is it net mooglik yn de oare doarpen? En wêrom dat kritearium fan 3000? It soe der takom jier wol by wêze moatte, want elk doarp moat de kâns foar sa'n urnemuorre hawwe. De oare partijen soenen har dêr ek oer útsprekke moatte. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is it iens mei de punten 1 oant en mei 3. It is spitich dat de urnemuorre yn Wergea net opnommen is. Dy moat der oar jier wol wêze. Wat binne de kosten foar it baggerjen yn Aldeboarn? Hoe smoarch is de grûn? It soe in hiel protte kosten besparje as by in stenge winter de saak opromme wurde koe. Miskien kin in part fan de feart tichtsmiten wurde en foar parkearterrein brûkt wurde. De punten 4 en 5 moatte neffens de VVD better On derhoud wurde. Pagina 3 1 03 Ferslach riedsgearkomste 20 augustus/odab/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 21