4.5 Foarstel oangeande de bou-oanfraach foar it pleatsen fan in opslachloads op it perseel Warstienserdyk 1 yn Wergea mei tapassing fan in frijstellingsproseduere op grûn fan artikel 19 lid 1 fan de WRO De hear Van der Sluis (VVD): De teneur fan it stik is negatyf. De loads komt net oan de Wergeas- terfeart te stean mar oan in dearinnnend opfeartsje. De buorlju geane der earder op foarút ynstee fan achterút. De loads fangt it lûd op en stiet net yn it sicht fan de buorlju. It hat ek miljeufoar- dielen omdat der minder smoargens fuortrint. Men kin dochs wol oerlis hawwe oer it ferskil fan 60 sm yn 'e hichte? De VVD is der foar om hjir de artikel 19 proseduere op te starten, want de oanfreger moat plak hawwe. De VVD is dus foar opsje 2. Mefrou Meinderts (CDA): Sy wol net alles werhelje fan de foarige kear. It CDA is foar opsje 2. It kolleezje soe der mei de oanfreger útkomme moatte. De hear Riemersma (FNP): De FNP kiest foar opsje 2. De hear Vellinga (PvdA): De PvdA is ferdield. Syn fraksje fynt, op ien lid nei, dat der in nij bes- timmingsplan leit dêr't de oanfraach net binnen past en dêrom is dat diel fan syn fraksje net foar it honorearjen fan de oanfraach. De foarsitter: Zij komt tot de conclusie dat 9 raadsleden voor optie 2 zijn en 6 raadsleden voor optie 1Er wordt conform optie 2 van het voorstel besloten. 4.6 Foarstel om in tariedingsbeslút te nimmen en meiwurking te ferlienen oan de bou- oanfrach oangeande in berging foar ark op it perseel Leppedyk 1 yn Grou mei tapassing fan in frijstellingsproseduere op grün fan artikel 19 lid 1 fan de WRO. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.7 Gelegenheid foar riedsleden om fragen te stellen De hear Vellinga (PvdA): Hij heeft vragen naar aanleiding van de verslagen van 10 en 24 juni. In deze vergaderingen is het krediet voor de invoering van de WABO aan de orde geweest. De uit voering van de wet is uitgesteld. Hoe gaat het college om met het verleende krediet? Bij uitstel zou volgens de wethouder vastgesteld worden wat wel en niet gedaan kan worden. Is dat al be paald? Wethâlder Minkes: De mûnlinge behanneling wurdt yn de Keamer fuortset. Miskien komt de WA BO der wol hielendal net. Dat is gjin oanlieding om op te hâlden mei de wurksumheden. It is ek in ûnderdiel fan it yn kaart bringen fan de wurkprosessen, de automatisearring en men kin dan op en doer ta in ienloketfunksje komme. Men wol dus op de gewoane foet fierder gean sadat men gjin skea en achterstân oprint. De hear Vellinga (PvdA): Kin soks? Men brûkt it kredyt fia in sydspoar earne oars foar. Wethâlder Minkes: Der is ûnder de titel fan de WABO in beslút nommen. As de wet der net komt dan sil men yn alle gefallen de titel oanpasse moatte en dêrmei nei de ried komme moatte. Mefrou Veldstra (FNP): Sy hat in fraach oer de wettertoer yn Nes. Wat is de stân fan saken? As de belanghawwende in sloopfergunning oanfreegje wol, kin de gemeente dy dan wegerje? Wethâlder Minkes: Foarich jier is in tariedingsbeslút nommen en is der in gebietsfisy ûntwikkele en dat is oan de inisjatyfnimmer trochdien. De wet jout net de mooglikheid om eventueel de sloop tsjin te gean. Men kin der wol op grün fan it ûntwerpbestimmingsplan bûtengebiet in dis kusje oer fiere. Sy hat krekt as de riedsleden allinne saken fia de media heard. De oerheid hat al- Pagina 5 1 03 Ferslach riedsgearkomste 20 augustus/odab/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 23