lt ferslach fan 24 juny De hear Van der Sluis (VVD): Op side 7 moat de léste sin fan syn bydrage wêze: 'Troch de ach- terdoar is de deputearre ynflústere wat sy sizze moast.' De foarsitter: lt ferslach wurdt mei de wiziging goedkard en fêststeld. It ferslach fan 1 july De foarsitter: lt ferslach wurdt goedkard en fêststeld. 1.4 Ynkommen stikken Nûmer 2 Mefrou Veldstra (FNP): Sy soe wol graach it antwurd fan it kolleezje krije (brief learlingeferfier). Nûmer 3 Mefrou Veldstra (FNP): lt hjiryn troch Hûs en Hiem neamde rekelamebelied is in nijsgjirrich tema en sy soe dat noch wolris op de wurklist hawwe wolle. Sa'n belied soe neffens har ek foar Boarnsterhim fêststeld wurde moatte. Nûmer 9 Mefrou Veldstra (FNP): Elke fraksje soe in eksimplaar fan it rapport fan de VNG ('Van werklast naar werklust') krije moatte. Ndmer 14 De hear Looijenga (CDA): Wiist op it lytse ferslach fan museum De Trije Gritenijen en it belang fan it museum foar de gemeente. Nûmer 34 Mefrou Veldstra (FNP): Sy soe ek graach it antwurd fan it kolleezje krije wolle (brief fan de hear Vis oer de oergong fan de WVG nei de WMO). Wethâlder Minkes: Sy wiist derop dat men kin it rapport oangeande nûmer 9 downloade kin fan de website fan de VNG. 2. YNFORMEARJEND 2.1 Meidielings: a: Mûnlinge meidielings troch portefúljehâlders Wethâlder Minkes: De Spar yn Aldeboarn wurdt oernommen troch Support&Co krektsa as yn Jirnsum. Yn Jirnsum wurkje no trije minsken fulltime en hat men al in flinke omset. lt kolleezje is mei de provinsje oerienkommen dat men oer de ISV-subsydzje beskikke kin foar de werstrukturearring yn Aldeboarn. Men koe de oanbesteging gunne en men kin yn septimber los mei de Swettebuorren. De gemeente hat in protte kompliminten krige foar de stedeboukundige ynfolling fan de wolstânskommisje. b. Mienskiplike Regelingen Der binne gjin meidielings. c. Brede Scholen Grou Akkrum By dit punt nimt de hear Van der Sluis it foarsitterskip oer. Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Zij heeft een mededeling over de organisatiestructuur van de brede school. Op 1 juli heeft de raad unaniem ingestemd met een amendement over de Pagina 2 1 03 Ferslach nedsgearkomste 19 augustus/odab/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 5