PB'en geane en dat men mei de tasichthâlder yn petear giet hoe't men bepaalde saken, dêr't men ferplichtings foar oangien is, noch oereinhâlde kin. De hear Seldenrust (FNP): De ried bepaalt syn eigen aginda neffens de wethâlder. Mar dan moat men wol witte wat der spilet. No kinne de PB'en gjin beswier meitsje. Kinne minsken dy't al in foarsjenning oangien binne by de gemeente terjochte? It is mei de kommunikaasje wer misrûn. Wethâlder De Vries: Dêr wêr't doarpen ferplichtings oangien binne, sille dy doarpen net de dupe wurde. Hy wit net krekt hoe't doedestiids de aginda ta stân kommen is. Mefrou Dekker (PvdA): Jout oan dat it presidium de aginda bepaalt. De foarsitter: Zij wijst erop dat in het presidium besloten is dat de brieven van de provincie meteen naar de raadsleden gemaild zullen worden. Het presidium bepaalt de agenda. Mefrou Veldstra (FNP): Men hat doedestiids de brief net krige. Men hie it op 1 july bést behannel- je kinnen. De toeristebelesting is ferhege om sokke saken te bekostigjen en dêrmei wie de dek king al op oarder. De FNP is poerlilk en neffens har ynformaasje binne de PB'en ek tige luik Wethâlder De Vries: Hy fynt it ferwyt net op syn plak. De tasichthâlder hat syn ferplichtings en hat de gemeente dêrfan op 'e hichte steld. It kolleezje docht syn uterste bést om ûnder it tafers- joch wei te kommen sadat men de âlde situaasje wer weromkrijt. 2.6 Foarstel om kennis te nimmen fan it keppeljen fan wetterwegen oan de doarpen yn Boarnsterhim By dit punt nimt de hear Van der Sluis it foarsitterskip oer. De hear Bouma (VVD): Westerein wurdt de Westerein. Moat it net it Westerein wurde, want de Westerein bestiet al. De hear Looijenga (CDA): It is in goede saak dat der oerlis west hat mei de eardere geakunde- kommisje. Hat der ek oerlis west mei de PB'en? De amtners soene tenei de nammen wol goed brûke moatte. Mefrou Veldstra (FNP): Sy soe noch in antwurd oer de namme Aalsum/Ealsum krije. Neffens har hat der gjin oerlis west mei de eardere geakiundekommisje. Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Misschien soe het inderdaad jt Westerein moeten zijn. Zij zal dat nagaan. Zij gaat ervan uit dat er wel overleg geweest is met de geakundekommisje. Ook dit zal zij nagaan. Het punt Aalsum/Ealsum komt bij een ander stuk aan de orde. 3. MIENINGSFOARMJEND 3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 3.2 oant 3.9 en 3.13 oant 3.17 Der binne gjin ynsprekkers. 3.16 Foarstel oangeande needsaaklike ûnderhâldskosten basisskoallen Akkrum/Grou De hear Bouma (VVD): Men wurdt net bliid fan sokke foarstellen. No moat der wer 170.000 euro útjûn wurde. Hoe stiet de provinsje der foaroer? Mefrou Veldstra (FNP): Men rint der al fan 2000 óf tsjin oan. Sy slút har fierder by de wurden fan de hear Bouma oan. Pagina 6 1 03 Ferslach riedsgearkomste 19 augustus/odab/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 9