De hear Van der Meer (GB): Het lijkt GB een goede ontwikkeling voor Grou. Hij hoopt dat het mooie parkeerplaatsen worden. Hij neemt aan dat de parkeerplaatsen meegenomen worden in de- tailhandelstructuurvisie. Wat vindt de provincie ervan? Hij gaat ervan uit dat op pagina 5 het 'maatschappelijk onaanvaardbaar' een foutje is. De hear Bouma (VVD): De VVD wol ek graach de útkomst fan it oerlis mei de provinsje. Hy fre- get him óf hoe't it mei de finansjele ófwikkeling komt. Fierder is it in moai plan. It sil foar Grou in goede saak wêze dat it opknapt wurdt. De hear Riemersma (FNP): De FNP is bliid dat dêr no einliks wat bart. Der giet neffens him 450 kante meter fan it park of, mar dat fynt men nearne werom. Wêrom kin it bedrach fan de ferke- apwearde der net yn stean (punt 2)? Der wurdt in kredyt fan goed 470.000 euro frege mei goed 18.000 euro oan kapitaallêsten. It stiet hjir wat frjemd en hy fynt dat soks wat better omskreaun wurde moat. By punt 4 stiet dat der kredyt beskikber steld wurde moat en dat men dan in foar- diel krijt fan goed 56.000 euro. Soks is foar him ûnbegryplik. Dy wize fan beskriuwing sprekt him net oan. Komt itselde stek wer by it begraafplak? It byld fan Halbertsma moat goed út de ferve komme. De hear Looijenga (CDA): Der komme no 48 gemeentlike parkearplakken. Wurde de plakken net opslokt foar de bewenners? Soe der in blauwe sóne komme kinne? Fierder soenen der parkear plakken foar handicapten wêze moatte en in parkearromte foar it tsjerkhóf. Wethâlder Minkes: De gemeente naam in ferplichting op har en dy wie wat yngewikkelder as men yn earste ynstânsje tocht. It wie fansels in griis hoe't Abbemastate derby stie. Men hat oan de provinsje foarlein dat men ynvestearje moat omdat men oars in risiko rint. Formeel moat de ried earst tastimming jaan. As men noch saken dwaan moat, dan moat men de getallen net ie penbier meitsje. Want dan hat it net folie sin om in oanbesteging te hélden. Oangeande it net bylizzen fan in kaartsje: It is in nije foarm dy't foarút rint op de digitalisearring. Itselde stek wurdt ferpleatst. It byld fan Halbertsma komt straks better ta syn rjocht. De parkear plakken sille ek ûnderdiel útmeitsje fan it parkearbelied foar Grou. Twadde termyn De hear Van der Meer (GB): Hoe zit het met het 'maatschappelijk onaanvaardbaar'? In reactie op het CDA: Men moet er geen kort parkeren of blauwe zone van maken omdat het toch een eindje van het centrum afligt. De hear Looijenga (CDA): Hy sil it parkearbelied ófwachtsje. Doocht it wol dat it twa dagen nei de beslútfoarming op 2 septimber 2009 op besjen leit? De hear Riemersma (FNP): Der binne 450 kante meter fan it park ófnommen. Dat soe ferantwur- de wurde moatte. De hear Bouma (VVD): De opstelling fan de provinsje hie yn it stik ferwurke wurde moatten. Mefrou Esser (PvdA): Men hat ófpraat dat men de kaartsjes by de stikken hawwe soe. Wethâlder Minkes: Seit dat ta. De stikken wurde formuleard yn de beslútfoarmjende sin. Nei de echte beslútfoarming ferrint it fierder neffens de prosedueres. As de ried nee seit tsjin it foarstel dan giet der gjin fersyk nei de provinsje. As de ried akkoart giet dan giet it om in formeel fersyk. Dat is de reden fan it pre-advys. It ferlizzen fan it wetter is fan ynfloed op de grutte fan it park. It Nijdjip is ûnderdiel fan in grutter plan. Neffens har sil úteinlik it park der allinne mar moaier op wurde. Pagina 6 1 03 Ferslach riedsgearkomste 2 september/odab/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 10