De hear Riemersma (FNP): Hy hie dat yn de stikken léze wollen. De hear Van der Wiel: De heer Riemersma heeft gelijk met zijn opmerking met betrekking tot het kleiner worden van het park. Hij weet zo niet of het 450 vierkante meter is. Mefrou Dekker (PvdA): Sy wiist derop dat yn de presintaasje alles al útlein is. Wethâlder Minkes: It is net bewust achterwege bleaun. De hear Riemersma (FNP): It is op syn minst it neamen wurdich yn de stikken dat der 450 kante meter óf giet. Grousters soenen dat ek wol witte wolle. Mefrou Dekker (PvdA): Wiist der nochris op dat it yn de presintaasje dúdlik oan de oarder west hat omdat der doe wat betizing oer wie. Wethâlder Minkes: It is 'maatschappelijk niet aanvaardbaar' om it sa lizze te litten. It moat der dus yndied krekt oarsom yn stean. De hear Riemersma (FNP): De FNP hat muoite mei punt 8, de geheimhâlding fan bylagen, en wol him mei de fraksje dêroer noch beriede. De hear Van der Woude (PvdA): Dêroer hat men earder yn de gearkomste al besletten. De foarsitter: De meerderheid wilde de geheimhouding erop leggen. Maar de FNP wil zich er nog over beraden of men met het hele voorstel kan instemmen. As B-stik nei de ried. 3 4 Foarstel om meiwurking te ferlienen oan it bouplan foar it pleatsen fan in bedriuwshal op it perseel Spikerboor 32 yn Akkrum De hear Riemersma (FNP): De FNP kin mei it foarstel ynstimme. It is spitich dat it sa lang duorre hat, want dêrtroch is it in stik djoerder wurden. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD fynt it in goed plan en kin dermei ynstimme. Mefrou Meinderts (CDA): It CDA slút har dêrby oan. It soe om har ek wol dizze jûn nei it beslút- foarmjende part gean kinne. Sy wiist dêrby op de kanttekening. De foarsitter: Zij zou daar niet voor voelen omdat men daarover afspraken heeft gemaakt. Mefrou Dekker (PvdA): Dan moat men it ek net op sa'n wize yn de kanttekening omskriuwe. Wethâlder Minkes: It is in hiel aparte saak. It plan past yn it nije bestimmingsplan. De oanfreger is der lykwols mei tsjinne dat it fia de artikel 19, lid 1 proseduere ófwurke wurdt omdat dat wierskynlik flugger giet as dat men noch wachtsje moat op in goedkarrende ferklearring fan de provinsje foar it bestimmingsplan. Dat is de reden fan de bysûndere formulearring yn de kantte kening. Mefrou Esser (PvdA): Mei de nije bestimmingsplannen soe alles flotter gean en no liket it krekt oarsom. Pagina 7 1 03 Ferslach riedsgearkomste 2 september/odab/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 11