4.17 Gelegenheid foar riedsleden om fragen te stellen De hear Vellinga (PvdA): Op 10 juny hat men oer in startnotysje gemeentlik miljeubeliedsplan praat. De regearing hat tuskentiids in konvenant mei de VNG oer duorsumheid ôfsletten. Der is in kâns op twingende foarskriften. Hat it kolleezje al in startmomint foar de startnotysje fêststeld? Wethâlder Minkes: Noch net. De fraach is oft men de kapasiteit fynt en oft der jild is. Hooplik is de personele ynfolling oan de ein fan it jier op oarder. De hear Van der Sluis (VVD): De brug in Eagum geeft veel (geluids)overlast. De brug is ook in slechte staat, o.a. wat betreft de leuningen. Wat doet de gemeente eraan zodat de brug weer veilig is voor fietsers en wanneer wordt de geluidsoverlast teruggebracht naar de normale propor ties? Wethâlder Van der Meulen: Hy hat de meiwurkers opdracht jûn om nei de leunings te sjen en de lûdsoerlêst oan te pakken. De hear Van der Sluis (VVD): De hiele simmer hawwe der minsken fan de gemeente nei sjoen, mar der bart neat. De DB'en zouden een brief krijgen over de subsidie voor kleine recreatieve voorzieningen. De ver enigingen zouden gecompenseerd worden voor de gedane investeringen. Is de brief al verstuurd? Wethâlder De Vries: De brief is hast klear, want der moast in oanpassing komme op grûn fan de diskusje yn de ried. Hy hat sein dat de DB'en net de dupe wurde meie en dat men yn oerlis mei de provinsje nei in passende oplossing sjen moat. De brief giet de kommende dagen de doar út. 4.18 Slute De voorzitter bedankt iedereen voor de inbreng en sluit de vergadering om 23.00 uur. Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 30 septimber 2008. sitter, mr. P. Schadd-de Boer de griffier, Pagina 14 1 03 Ferslach riedsgearkomste 2 september/odab/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 18