2. YNFORMEARJEND 2.1 Meidielings: a: Mûnlinge meidielings troch portefúljehâlders Wethâlder De Vries: Der soe dizze jûn in eksploitaasje-opset oan de ried foariein wurde oer de ferpleatsing fan de sport. Dat is der troch miskommunikaasje noch net fan kommen. De 16 sep- timber stiet it op de aginda en hy wol sjen oft yn oerlis mei it presidium it dan ek yn de beslut- foarming komme kin. De minsken yn it fjild wolle graach dúdlikheid hawwe. Mefrou Dekker (PvdA); Dan bliuwt de gelegenheid foar it stellen fan fragen op 8 september ste- Wethâlder De Vries; Dat momint bliuwt oerein om dy fragen stelle te kinnen. Wethâlder Minkes: It kolleezje hat in projektopdracht en in plan fan oanpak oannommen foarin wenning ynklusyf in bedriuw foar de binnenfiskerij en 'schoonheidssalon' yn Reduzum om derfan de planologyske en technyske helberheid te ûndersykjen. r» Yn maaie is de ried akkoart gien mei de kredytferskaffing foar it multyfunksjoneel sintrum. De oannimmer makket no in planning. Op 1 novimber moat it terrein bouryp wêze. Letter wurdt de biblioteek sloopt. Wolkom en Noorderbreedte binne klear mei har bestekstarieding. Ein dizze mo- anne start de oanbesteging fan de bou en uterlik 1 novimber moat it wurk gund weze sadat de ynstellings ek har ferplichtings oangeane kinne. De provinsje is akkoart mei it tiidsskema. De hear Bouma (VVD); De VVD hat de nedige fraachtekens, want it soe mei 1 augustus bouryp wêze. Dat ek mei it each op de subsydzje. Hy wol graach swart-op-wyt de ynformaasje nei de ried. Wethâlder Minkes: De hear Bouma kin de korrespondinsje fan de tasizzing fan de provinsje krije mei de taljochting dy't sy no jûn hat. b. Mienskiplike Regelingen Der binne gjin meidielings. c. Brede skoalle Wethâlder Minkes: De stjoergroep fan de brede skoalle hat by inoar west en hat as undertitel oannommen 'lenriedigens makket it lytse grut'.Yn de klankboerdgroep wolle de PvdA _.t CDA en GB wol in sit hawwe. De oare deis is der wer in gearkomste fan de stjoergroep en deryn sil ek sjoen wurde nei de wize fan kommunikaasje mei de klankboerdgroep. 2.2 Foarstel om kennis te nimmen fan de detailhandelsstructuurvisie foar Grou. Mefrou Esser (PvdA): De PvdA tinkt dat it in goede saak is. Alle partijen lykje derby belutsen te wêzen. De hear Bouma (VVD): De VVD kin har ek yn it foarstel fine. Mooglik hat it positive gefolgen foar de middenstân yn it gebiet. It wurdt tiid dat it wer op 'e rails komt. De hear Zijlstra (CDA): It CDA is ek tige bliid dat de struktuerfisy der kommen is. Wêr is it bedri- uweterrein Frisia yn it ferhaal? It soe moai wêze as der net allinne in plan komt mei finansiering fan de gemeente, mar ek fan oare fûnsen. Men soe it neffens it stik dwaan kinne troch fersko- winq fan prioriteiten binnen de amtlike organisaasje. Hy soe graach sa'n prioriteitelist hawwe wolle. Hy giet derfan út dat de struktuerfisy fan 2001 en it plan fan 2005 ek in plak krije yn dit ferhaal. Pagina 3 1 03 Ferslach riedsgearkomste 2 september/odab/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 7