De hear Van der Meer (GB): GB is ook voor het plan. Hij leest tussen de regels door dat het Kooi kerterrein mogelijk weer in beeld kan komen. Daar zou niets meer komen. Graag informatie van de wethouder hierover. In april 2009 wil men met iets beginnen zodat men voor het seizoen klaar is. Dat lijkt hem moeilijk haalbaar. Mefrou Veldstra (FNP): De struktuerfisy belooft hiel wat. Knoffeljend rint men no troch de buor- ren yn Grou. Troch de riolearing binne de strjitten tige min wurden. It soe minstens noch in heal- jier duorje foardat de Haadstrjitte nije klinkerts krijt. De FNP wol noch wat tips meijaan. As der âld grien weihelle wurdt dan moat der nij grien foar yn it plak komme. As der in kapfergunning foar de eskebeam yn it sintrum ferliend wurde dan moat der wer nije beplanting komme. De FNP pleitet by parkearen foar fergees parkearen foar handicapten. Mefrou Esser (PvdA): Fynt dat der te wiidweidich op details yngien wurdt. Mefrou Veldstra (FNP): De FNP wol graach in pear tips meijaan oan de klankboerdgroep. Der moat omtinken foar de foargevels wêze. Spitigernôch is der noch gjin yntegraal gemeentlik re- klamebelied. Sy soe ek graach ynsjoch yn it keapstreamûndersyk hawwe wolle. Der binne gâns amtlike oeren nedich. Op kosten wêrfan komt de ferskowing yn prioriteiten? De FNP is benijd nei de kosten. Wat hâldt it kommunikaasjeplan yn? Wethâlder De Vries: Yn Grou is ferlet fan in fisy oer de detailhannel. Der binne Ontwikkelingen súdlik fan Ljouwert en der binne winkels binnen Grou ferpleatst. Der wienen yn de earste klank- boerdgroepfergadering positive lûden. Men rjochtet him yn de fisy op de detailhannel en dêrom is Frisia der earst bûten hélden. It liket him net geskikt om yn detail yn te gean oer de ferskowing fan de wurksumheden binnen de amtlike organisaasje. Wat der al oan eardere gegevens leit, is mei in boustien foar it hiele produkt. It Kooikerterrein wurdt der wol by belutsen omdat dêr de tailhannel is. De hear Van der Meer (GB): Hij heeft het gevoel dat de wethouder terug wil komen op woorden uit het verleden. Wethâlder De Vries: Men komt mei in heldere fisy en as men op eardere ôfspraken weromkomme wol dan sil men mei de ried dêroer yn petear gean moatte.Men belûkt de lokaasje fan it Kooiker terrein by it ûndersyk. Men wol besykje dat men oan de ein fan it jier mei de oanpak fan de strjitte derút is. De riolear- ring hat him yn jannewaris/febrewaris 2009 genôch set. It kolleezje hopet de strjitten yn april klear te hawwen. In meiwurker is ferantwurdlik foar it kommunikaasjeplan. De ried kin dat plan aanst ynsjen. Mefrou Veldstra (FNP): It kommunikaasjeplan soe neffens it stik al klear wêze. Wethâlder De Vries: It kommunikaasjeplan moat noch yn de stjoergroep besprutsen wurde. Hy sil de tips meinimme. It keapstreamenûndersyk kin ynsjoen wurde; it stiet ek op de website fan de Keamer fan Keaphannel. Men hat de oeren frijmakke om it plan yn elkoar te skowen. Der soe miskien noch in lyts ûndersyk, lykas nei ferkearstreamen, komme kinne. Oan de ein fan it trajekt soe men op ferskowingen útkomme kinne. Dat binne saken fan dndernimmers en eigners fan pé nen en dêr hat de gemeente gjin rol yn. Hy is bliid mei de positive lûden oer it plan. 3. MIENINGSFOARMJEND 3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 3.2 en 3.3 Der binne gjin ynsprekkers. Pagina 4 1 03 Ferslach riedsgearkomste 2 september/odab/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 8