3 2 Foarstel om fêst te stellen "Beeldkwaliteitsplan Prinsessenbuurt Grou De hear Looijenga (CDA): It byldkwaliteitsplan sjocht der moai út. Der stiet by kommunikaasje dat it noch op besjen leit. It moat no fêststeld wurde. Dat snapt er net. Der wurde 76 huzen sloopt en der kommen 45 nijbouwenten. Hâld de kommunikaasje mei de minsken op in goed peil en meitsje gebrûk fan ûnderfinings út it ferline mei sokke projekten. De hear Riemersma (FNP): De FNP kin him wol yn it foarstel fine. By kommunikaasje stiet lykwols dat it frijstellingsfersyk 6 wike op besjen lein wurdt. Hy hat him dêroer fernuvere omdat it hjir om in byldkwaliteitsplan giet. De hear Van der Sluis (VVD): It is in moai plan. Der moat goed harke wurde nei de boargers út de buert. Hy stút him fierder by de foarige sprekkers oan. De hear Hemminga (GB): GB is ek akkoart mei it foarstel. Rinne de tiidslimiten ek gefaar? De hear Vellinga (PvdA): Het beeldkwaliteitsplan is een aanvulling op de welstandsnota. De PvdA had liever een beeldkwaliteitsplan gehad met een duidelijke verbinding tussen de zeer vele plaatjes en de tekst. Men kan nu niet goed zien hoe mooi het op bepaalde plaatsen wordt. Op zich heeft de PvdA er wel vertrouwen in dat het tot een goed resultaat zal leiden. Wethâlder Minkes: It bestiet út twa ûnderdielen: de frijstelling is in saak fan it kolleezje en it byldkwaliteitsplan is in saak fan de ried. Foar frijstelling moat men dus byldkwaliteitsplan léze. De kommunikaasje ferrint fia nijsbrieven (in koöperaasje fan gemeente en Welkom) en der binne ynrinjûnen. Der wurdt fanút de buert seis tocht en dêrtroch komt der ek draachflak. Der is in ge- arhing mei de ferpleatsing fan de sport oan de Nesserdyk. De hiele werstrukturearring komt noch yn de ried It ferskil tusken Swettebuorren yn Aldeboarn en dit projekt is dat by de earste der in bydrage is fan de gemeente oangeande de romtlike kwaliteit. As it giet om ynvestearring giet yn grien dan makket de gemeente eefkes 'pas op de plaats'. Der binne gjin tiidslimiten. De wenning- boukorporaasje moat syn bestân op oarder hawwe. De wolstânsnota behannelet it algem.ene byid. It byldkwaliteitsplan is bedoeld om de karakteristike eleminten behâlde te kinnen en de sfear te behâlden. Dat is de reden dat der safolle detailfoto's yn steane. Twadde termyn De hear Riemersma (FNP): Kin men by in byldkwaliteitsplan gjin sjenwize jaan en by in frijstelling wol? As dat sa is, freget hy him ôf oft it by it beslútfoarmjende diel der goed yn set wurde kin. De hear Vellinga (PvdA): De details kringe it oersjoch wat fan it plak en dêrtroch wit men net wêr't wat komt. Wethâlder Minkes: Hooplik stimt de ried dermei yn dat men de flaters repareart. It giet by de plaatsjes om in tal karakteristike eleminten dêr't men omtinken foar hawwe wolle. De buert kin der goed mei libje en KAW tinkt dat de autentisiteit op dy wize it béste bewarre wurde kin. De foarsitter: De fouten in het voorstel zullen met instemming van de raad verbeterd worden. As A-stik nei de ried. 3.3 Foarstel Ontwikkeling Abbemastate, Parkstraat 19 yn Grou Mefrou Esser (PvdA): It sjocht der moai út. Der komt in ferbining mei it Nijdjip. Dêr is de PvdA ti- ge wiis mei. Der hie wol in kaartsje by sitte moatten omdat it hjir om in tariedingsbeslút giet. Pagina 5 1 03 Ferslach riedsgearkomste 2 september/odab/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 9