BOARNSTERHIM Griffy Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 16 sep- timber 2008 om 20.00 oere yn de Riedseal fan it gemeentehûs oan de J.W. de Visserwei 10 te Grou Oanwêzich: Foarsitter: mefrou P. Schadd-de Boer Griffier: de hear T. Rutten De riedsleden: fan de PvdA: mefrou P.M. Esser, mefrou J. Dekker-Hoogeveen en de hearen T. de Boer, B. de Jong, H. Vellinga, J.W. de Visser en R. van der Woude fan GB2000: de hearen S. van der Meer en J. Hemminga fan de VVD: de hearen M. van der Sluis en S. Bouma fan it CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga en de hearen J.S. Zijlstra en H. Looijenga fan de FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga en de hearen S.J. Riemersmaen en A. Seldenrust De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de wethâlders mefrou M.E. Minkes en de hearen A.J. de Vries en D. van der Meulen Fan de jongereinried: - Fierder oanwêzich: mefrou Brameijer (amtner) en de hearen G. Heeringa (gemeentesekretaris) en J. van der Wiel (amtner) 1. ALGEM/EN 1.1 lepenje De foarsitter iepenet de gearkomste en hyt alle oanwêzigen en de harkers fan de Boarnsterstim wolkom. 1.2 Fêststellen fan de wurklist Mefrou Dekker (PvdA): Sy giet derfan út dat der in presintaasje komt oer de wenningmerkanaly- ze. It is in wichtich Onderwerp en sy wol dat soarchfâldich behannelje. Sy soe graach de sheets krije wolle en dêr letter yn alle rêst oer prate wolle. De hear Zijlstra (CDA): Neffens him hoecht it iene it oare net út te sluten en soe de presintaasje wol plakfine kinne. Mefrou Dekker (PvdA): Oan de hân fan de sheets kin men better fragen stelle. Mefrou Veldstra (FNP): Sy fielt der foar dat de presintaasje wol troch giet. It soe ek sneu wêze foar dejinge dy't de presintaasje fersoarget. De hear Bouma (VVD): De VVD tinkt der ek sa oer. De hear Hemminga (GB): It hie neffens de ôfspraken yn it presidium oan de oarder komme moat- ten. GB sil der úteinlik wol mei ynstimme dat de presintaasje plakfynt. 1 03 Ferslach riedsgearkomste 16 september/odab/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 5