Wethâlder Minkes: lt yntsjinne plan sjocht der goed út. As men der noch in skepke boppe op docht dan smyt dat 50 kontinginten op. Dat nijere plan is noch yn Ontwikkeling. De foarsitter: Zij bedankt mevrouw Brameijer voor de presentatie. De hear Riemersma (FNP): Hy wit dat it in ynformearjend riedsfoarstel is. De neamde bylagen sit- te der net achter en der stiet ek net dat der wat op besjen leit. De sifers yn it wurkmodel doog- den ek net. Der stiet 'Dat er een kleine vraagdruk bij koopwoningen van meer dan 2,5 ton is'. Der wie dochs sa'n ferlet fan starterswennings? Der soe ek wolris mear oanbod as fraach wêze kinne. Op it gemeentehûs lei lykwols wol wat op besjen. Dêrut die bliken dat de fraachdruk sa- wol posityf as negatyf wêze kin. En der stiet ek dat der in grutte fraachdruk by wenten fan On der de twa ton is, dus foar de starters. Hy fynt it dan ek al mei al in tige suterich stik. De foarsitter: Men kan altijd contact opnemen met de behandelende ambtenaar als bepaalde za ken niet duidelijk zijn. Wethâlder Minkes: Mei de bylagen is it misrûn. It wie ek mei sin de bedoeling om in presintaasje te hélden omdat de WOBOF op himsels al in kryptysk stik is. De hear Riemersma (FNP): Der stiet ek net yn it stik dat de bylagen op besjen lizze. De amtner wie der de moandeis net. As der mei safolle flaters wurke wurdt dan jout dat gjin betrouwen. De foarsitter: Men heeft deze morgen in het presidium afgesproken dat wanneer men fouten in een stuk ziet staan dat het via de griffier gemeld wordt. De hear Riemersma (FNP): Dêr is hy it tige mei iens. 3. MIENINGSFOARMJEND 3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 3.2 oant 3.6 De hear Van Roon sprekt yn op agindapunt 3.2. Sjoch bylage. 3.2 Foarstel om meiwurking te ferlienen oan de realisaasje fan in wetterpartij tusken Leeu- warderweg 42 en de Staande Mastroute yn Wergea De hear Hemminga (GB): It is in positive Ontwikkeling. GB tinkt dat it in prima foarstel is. De yn- sprekkers kinne letter har miening by de fierdere Ontwikkelingen noch nei foaren bringe. De hear Riemersma (FNP): Men hie op himsels net safolle problemen mei de wetterpartij, mar op grûn fan de wurden fan de ynsprekker soe er der dochs noch wat mear fan witte wolle. De hear Looijenga (CDA): Der sil in ôfsûnderlike proseduere folge wurde foar mooglik takomstich rekreatyf gebrûk. Wat is de reaksje fan de wethâlder op de wurden fan de ynsprekker? De hear Vellinga (PvdA): Der wurdt frege om in oanlisfergunning fan in wetterpartij. Omwenners kinne fan sa'n wetterpartij lést hawwe en dat moat safolle mooglik beheind wurde. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is foar de wetterpartij, mar der hie fan de provinsje in bet- tere foarljochting wêze moatten, oer O.o. it plak. Wethâlder Minkes: Yn it dossier stiet de ynspraakreaksje fan de hear Van Roon en dêr is yn it stik antwurd op jûn. By oare Ontwikkelingen sil der in aparte proseduere komme. Neffens har hat der foarljochting oer de saak west. Pagina 4 1 03 Ferslach riedsgearkomste 16 september/odab/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 8