Wethâlder De Vries: Troch privee-omstannichheden wie hy net op de gearkomste fan de Stean- deMêstrûte. Hy wit dus net eksakt wat dêr oer de dobbe besprutsen is. Hy sil dat neigean. Mefrou Dekker (PvdA): De ynsprekker hat soarch oer de plannen. De gemeente hat de plicht om dy ûnrêst fuort te nimmen. Gemeente en provinsje soenen kontakt opnimme moatte. Wethâlder De Vries: Men sil neirinne wat der oan kontakten west hat. As dat net soarchfâldich genôch west hat dan sil de gemeente aksje ûndernimme. Twaddetermyn De hear Riemersma (FNP): Men hie der graach in dúdlik kaartsje fan de lokaasje by hawwe wol- Mefrou Meinderts (CDA): Sy fynt it nuver dat de ynsprekkers noch gjin reaksje krigen hawwe. Wethâlder Minkes: Der sil der foar de beslútfoarmjende gearkomste in dúdlik kaartsje by lizze. Foardat in antwurd op de sjenwize fan de ynsprekkers jûn wurde kin, moat it earst yn de ried be sprutsen wurde. De foarsitter: As B-stik nei de ried. 3.3 Foarstel om yn te stimmen mei de finansjeel technyske útwurking fan it projekt Ver plaatsing Buitensport Grou De hear Van der Meer (GB): GB is positief ten aanzien van sportvoorzieningen. Er is een financiële constructie bedacht om het rond te krijgen. Men kan echter de risico s niet goed inschatten. Hoe zit het daarmee? Er wordt gesproken over een bestemmingsreserve, maar is het niet een voorzie ning? De hear Bouma (VVD): De VVD kin har fine yn it foarstel. Hiel wat risiko's lizze by SHP, dy't al drok dwaande is mei de tarieding fan in sportfjild. Doch sitte der fansels foar de gemeente ek ri siko's oan. Dat hat benammen te krijen mei de tiidsdruk fan de 3e faze. Hoe sjocht de provinsje tsjin dat risiko oan? Hoe sit it yn de takomst mei it plak fan de merke? De hear Seldenrust (FNP): De FNP is it yn grutte halen iens mei it stik. It giet oer miljoenen en men sil de wethâlder noch hearre oer de risiko's. Kin de provinsje noch in foarbehâld meitsje by bepaalde ûnderdielen? Mefrou Meinderts (CDA): It wie in goed technysk frage-oerke. Der is doe ek oer de risiko's praat en de provinsje soe dermei akkoart gean. It is neffens har in grut komplimint foar de fleksibiliteit fan de dielnimmers. De hear De Boer (PvdA): Hy hoecht der net mear safolle oan ta te heakjen. Der bart hiel wat en hy is ek tige ynnommen mei de ynformaasje dy't men krigen hat. Mei tank oan de ynset fan de wethâlder is men safier kommen. Hy soe sportminnend Grou lokwinskje wolle mei dit resultaat. Wethâlder De Vries: Op dizze jûn wurdt der oer de ferpleatsing besletten. It frage-oerke hat blyk- ber goed wurke. De ridlikerwize te foarsjenne risiko's binne ôfdutsen. Men hat ôfspraken mei partners makke en dy partners jouwe him gjin oanlieding om twifels te hawwen. Hy giet derfan út dat men faze 3 hellet. Soe men dat net helje dan is der rekken mei hâlden fia de foarsjenning. Men moat yn oerlis besjen wat de nije lokaasje fan de merke wêze moat. Hy fynt dat it ûnderdiel der wol by heart. Pagina 5 1 03 Ferslach riedsgearkomste 16 september/odab/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 9