Twadde termyn Mefrou Esser (PvdA): Yn it âlde belied stie dat de kosten trochberekkene waarden. Yn it nije be- lied stiet dat it fan de baten ôflutsen wurdt. Wêrom? Sy fynt de ynbring fan PB in bytsje gefaarlik, want dan soe dy de kritearia bepale. Dêrom soe men fan tefoaren de nota oan PB foarlizze moatte. Hoe ferrint de kommunikaasje mei de boarger? De hear Hemminga (GB): Syn fraach oer de finânsjes is benammen rjochte op de begruttingsbe- hanneling. It wurdsje 'aktive' kin neffens him wol ferfalle. De hear Bouma (VVD): As men de kaart aktualisearret dan kin men makliker kommunisearje mei PB. Yn de útfiering op haadlinen kin er him fine. Wethâlder De Vries: Men operearret sa aktyf mooglik. De kaarten wurde aktualisearre as dat yn de planning past. Der binne genôch mooglikheden, website en Op 'e Hichte, om de minsken op 'e hichte te stellen fan it belied. It giet neffens him net om in ekstra kritearium by de rol fan PB. Mefrou Veldstra (FNP): Sy wit út it ferline dat de ynbring fan PB tige wichtich wêze kin. Wethâlder De Vries: PB docht in soarte fan check en har rol betsjut net in ekstra kritearium. Mefrou Esser (PvdA): Sy kin har foarstelle dat dy rol fan PB yn it ferline wichtiger wie want der wienen doe mar 4 kritearia. Mar neffens har steane no alle wichtige saken al yn it foarstel. Mefrou Meinderts (CDA): Sy wiist derop dat der aktuele saken wêze kinne dêr't PB goed sicht op hat. Wethâlder De Vries: It liket him ferstannich dat men de saken troch PB hifkje lit. Mefrou Meinderts (CDA): Sy wiist derop dat PB sa'n oerlis ek op priis stelt. Mefrou Esser (PvdA): Sy wol dan wol graach dat it dúdlik yn de proseduere opnommen wurdt. Wethâlder De Vries: Hy sil dêrfoar soargje dat it der op in goede wize yn komt. 3.4 Foarstel oangeande "schaduwarchieven" De foarsitter: Er is een punt (3) weggevallen: 'Stem in met het beschikbaar stellen van een kre diet van 75.150 euro en brengt dit ten laste van de post onvoorzien incidenteel.' By dit punt nimt de hear Hemminga fierder it foarsitterskip oer. De hear Van der Woude (PvdA): In goed op oarder wêzen fan it argyf is û.o. wichtich foar it effi- sjint funksjonearjen fan in amtlike organisaasje. It kin úteinlik de organisaasje hiel wat jild bespar- je. Dêrom is de PvdA foar it foarstel. Oangeande faze 2: wat, wannear en foar hoefolle? De hear Bouma (VVD): De VVD is foar it foarstel. Wêrom moat it safolle jild kostje? Hy stelt in pragmatysker opset foar, wêrby't de amtners kopyen fan it orizjineel meitsje en de ôfwikkeling fierder oan it buro oerlitte. Dat soe in protte jild besparje kinne. Mefrou Veldstra (FNP): Men tinkt dat der wat achterstân is. It is lykwols net de earste kear dat deroer praat wurdt. Yn 2001 hat men al te hearren krigen wat der mis wie yn it argyf. Der binne doe ek oanbefellings dien, mar dêr is neat mei bard. In komplimint oan de amtner foar de beskri- uwing yn de nota. De gemeente is dus al earder in tal kearen op de tekoarten oansprutsen. De Pagina 8 1 03 Ferslach riedsgearkomste 30 septimber 2008/odab/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 11