grûn wêze en fan wetterberging. Sy hat mei it rayonhaad fan Wetterskip Fryslân belle. Dy wie al- tyd útgongen fan in wetterdobbe. It wetterskip hie ek gjin belang by sa'n dobbe, want it effekt fan in wetterberging soe tige lyts wêze. Troch it swijen fan De Jong oer syn plannen en it gegûchel mei swimdob- be/wetterpartij/wetteropfang krijt de buert it gefoel dat der bûten har om besletten is. It liket wol knipt en bepankoeke te wêzen en dat it no ek sa naaid wurde sil. Komme der dan dochs 15 ste- anplakken op de camping of 50 fakânsjehúskes? De ried moat iepen kaart spylje. De oannimmer kin net troch Swierstra syn lân in nij kanaal grave salang't syn skoansoan oan de oare kant net bouwe mei. It ja fan de ried tsjin de wetterpartij soe de buert mei lege hannen stean litte en men fielt har dan moai oan de kant set. 4.2 Foarstel om meiwurking te ferlienen oan de realisaasje fan in wetterpartij tusken Leeu- warderweg 42 en de Staande Mastroute yn Wergea De hear Riemersma (FNP): Trije wiken lyn wie de FNP der gau út omdat der neffens it foarstel wetterberging nedich wie. Mar de ynsprekker smiet in oar Ijocht op 'e saak en dat is troch fierde re ynformaasje fersterke. De provinsje hat de eigners nedich foar it trochgraven fan it kanaal. It idee fan de swimdobbe fan ien fan de eigners wie dan neffens him ek frij begryplik. Mar dan wurdt de swimdobbe yn it foarstel in wetterpartij en wurde der de arguminten fan wetterberging en grûnferlet by helle. It is in byinoar socht ferhaal. De konklúzjes fan buro Tau doge ek net. Men kin fia in sifon op it âlde gebiet útwetterje en dêrom hat sa'n wetterberging gjin doel. Ut it nije kanaal komt feangrûn en dêrmei kin men opheegje. Men kin neffens de provinsje ek eventueel djipper yn it kanaal baggerje om oan grûn te kommen. Dêrom is de dobbe/wetterpartij ek net ne dich foar it krijen fan grûn. De hear Van der Sluis (VVD): Wat men der no ûnder de knipklaailaach úthellet, kin men neffens him net foar de opheging brûke. De hear Riemersma (FNP): Hy giet út fan de foarstelling fan de provinsje. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD wie it der net mei iens dat de wetterdobbe in wetterpartij wurden is. De provinsje is as oanfreger tekoartsketten yn de foarljochting. De VVD is lykwols net tsjin op rekreative ûntwikkelings noardlik fan Wergea en men hat gjin dan fierder ek gjin arguminten om de swimdobbe óf te wizen. De hear Hemminga (GB): De ried hat ynstimd mei rekreative ûntwikkelings op dat plak. Oer de fierdere ynfolling komt men noch wol te praat. GB kin ynstimme mei it foarstel. Hy fynt wol dat der wat nuver mei de saak omgongen is. De hear Looijenga (CDA): It docht bliken dat de kommunikaasje net goed ferrûn is. Der binne ferskillende lûden oer de wetterberging en dat is betiizjend. It CDA kin lykwols wol mei it foarstel meigean. Twadde termyn De hear Vellinga (PvdA): It komt gauris foar dat oanfragen yn in breed perspektyf te stean kom me en dat makket it besluten gauris lestich. It kolleezje hat mei gâns minsken praat. Der wurdt praat oer in wetterpartij en oer in eventuele lettere ynfolling kin men letter noch te set. Op grûn fan de gegevens kin de PvdA foar it foarstel wêze. De hear Riemersma (FNP): De FNP is net tsjin op de plannen foar dat plak. Mar de arguminten binne neffens him by inoar socht. Pagina 10 1 03 Ferslach riedsgearkomste 30 septimber 2008/odab/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 13