2. YNFORMEARJEND 2.1 Meidielings: a: Mûnlinge meidielings troch portefúljehâlders Wethâlder De Vries: Foar de earste faze fan Grut Palma hat in seleksjeproseduere plakfûn foar de bou fan 24 wenningen. Uteinlik hawwe twa merkpartijen in definityf plan yntsjinne mei in bod op de bougrûn. De seleksjekommisje hat it wurk gund oan NCW Projectrealisatie BV út Hurderwyk. Har plan is as heechste wurdearre. It hat konfoarm de ôfspraken mei PB plakfûn. Der wurdt hurd oan wurke om de website oer Grut Palma by de tiid te bringen. De hear Van der Sluis (VVD): Hoe sit it mei de finânsjes? Wethâlder De Vries: Der sit gjin dikke plus op. De ried sil der letter oer ynformearre wurde as it yn de proseduere passend is. De hear Bouma (VVD): Wurde de fêststelde eksploitaasjeprizen helle? Wethâlder De Vries: De ried hat krekt foar de fakânsje in oersicht krigen. It gehiel stiet noch net Onder druk fan it resultaat. Wethâlder Van der Meulen: De learplichtamtner is fuortgien. Men besiket mei Ljouwert ta in op lossing te kommen en der komt ynkoarten in foarstel oer. Men is oan 'e slach gien mei it rapport fan de rekkenkeamer oangeande de Burdpont Ynkoarten sil der oerlis mei de belutsenen wêze. Derby sille de fartiden en tariven omtinken krije. b. Mienskiplike Regelingen De foarsitter: In de raadsvergadering van twee weken geleden is gesproken over de begroting van de hulpverleningsdienst. Het tekort is uiteindelijk uitgekomen op een bedrag van 545.000 eu ro (aanvankelijk was dit geschat op 1 miljoen euro). De extra last voor de gemeente komt uit op zo'n 17.000 euro. De hulpverleningsdienst zal het komende jaar tijdig een aantal zaken indexeren en aankaarten. De hear Van der Woude (PvdA): Men woe graach dat de helpferlieningstsjinst yn de eigen orga- nisaasje snije soe. Komt dêr noch wat út? De foarsitter: Nee. Want dat heeft al een resultaat gevonden in het bedrag dat nu voorligt. c. Brede Scholen De hear Apperloo jout mei help fan in sheet in taljochting op de fuortgong fan de brede skoalle (afdruk sheet bij dit verslag gevoegd). De foarsitter: Zij bedankt de heer Apperloo voor de uitleg en geeft de raad de gelegenheid om vragen ter verduidelijking te stellen. De hear De Visser (PvdA): De hear Apperloo hat it oer sa'n 25 miljoen. As er it goed berekkenet dan bestjut dat der sa'n oardel miljoen oan rinte, ûnderhâld en ôfskriuwing foar sport, de stra- tegyske partner en de berneopfang komme moat. Kloppet dat? De hear Apperloo: Nee, de berekkening is op basis fan kengetallen. In ekstern buro undersiket kwantiteit, en kwaliteit fan de kante meters. De spesifike lokaasje en omstannichheden sille útein- lik de definitive priis bepale. Men giet der fan út dat men de 25 miljoen substansjeel werombringe kin nei it útgongspunt fan 1 july 2008 fan sa'n 17/18 miljoen. De útdaging leit der yn om de ûnrindabele top boppe tafel te krijen. Pagina 2 1 03 Ferslach riedsgearkomste 30 septimber 2008/odab/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 5