De hear Hemminga (GB): It is nuver dat it kolleezje earst wol achter de oanfraach stie. Troch de opstelling fan de Ryktsjinst foar de Monumintesoarch koe it net. Dy brief mei argumintaasje moat op it kleed komme. Dan kin er oanjaan wat er fan it foarstel fynt. De hear Vellinga (PvdA): Der is in negatyf advys fan de Rykstsjinst foar de Monumintesoarch, in advys fan Hûs en Hiem, de konklúzje dat it net yn it bestimmingsplan past en in eardere wege ring fan de provinsje. De situaasje is tuskentiids net feroare. Hy kin him de frustraasje foarstelle fan de hear Jelsma, mar hy kin op grûn fan de advizen net meigean mei de frijstelling. De hear Van der Sluis (VVD): Der leit in hiel dúdlike skieding tusken it pleatske en it Aid Slot. Op himsels soenen dêr bést twa wenten stean kinne. Der hat lykwols in lokaasje-ûndersyk west fan BügelHajema en men is der doe mei akkoart gien dat it gjin geskikte útwreidingslokaasje wie. De VVD wol foar in definityf stânpunt earst de antwurden ôfwachtsje. Mefrou Meinderts (CDA): Sy kin har de argewaasje fan de hear Jelsma wol foarstelle. Dy moat helderheid hawwe en sy soe earst de portefúljehâlder dêroer hearre wolle. Sy snapt net rjocht dat der stiet dat 'er de afgelopen jaren op het oorspronkelijke terrein reeds diverse aanpassingen ge daan welke een negatieve invloed hebben op de beleving van het Aid Slot'. Dat is nuver want krekt foar it moaie grien hat men de famylje Jelsma alris in komplimint jûn. Wethâlder Minkes: Der hawwe al in tal petearen west. Sy wiist op it histoarysk oersjoch. Der wie in harksitting in 1996 en it advys fan de Rykstsjinst foar de Monumintesoarch sit yn it dossier. It kolleezje koe net fan it advys fan Rykstsjinst foar de Monumintesoarch ôfwike. By it iepen gatte-ûndersyk is it ek net as geskikte lokaasje foar wenningbou oanjûn. Der binne fierder ek gjin nije ynfalshoeken en dêrom kin it stânpunt fan it kolleezje net feroarje. Oer dy negative beleving fan de oanpassings op it terrein: Men wol gewoan gjin gebouwen dêr yn dy omjouwing hawwe. Mefrou Meinderts (CDA): De hear Jelsma sil wol witte moatte wat der wol kin. Wethâlder Minkes: It giet no om it frijstellingsfersyk dêr't de ried oer beslute moat. De oare as- pekten binne geregeld mei de hear Jelsma besprutsen. De oanfreger fynt altyd in iepen ear by it kolleezje. Twadde termyn De hear Seldenrust (FNP): It fernuveret him wêrom't de brief net boppe tafel kommen is. De wethâlder soe derfoar soargje moatte dat de ried en de hear Jelsma dy brief, fan de hear Kloos terman fan de Rykstsjinst foar de Monumintesoarch, krije. As it net de bewuste brief is dan moat it kolleezje derfoar soargje dat dy brief wol boppe tafel komt. De hear Bouma (VVD): It terrein is minder iepen as dat yn it ferline wie. Is dat elemint meinom- men? Hoe kin de Rykstsjinst foar de Monumintesoarch in claim oplizze sûnder dat soks gjin fi- nansjele gefolgen hat foar de eigner fan dat terrein? Kin de gemeente dêr in bemiddeljende rol yn spylje? De hear Hemminga (GB): Hy tinkt dat it petear fan 10 novimber tige ferhelderjend west hat. It foech fan de Rykstsjinst foar de Monumintesoarch jout in stik frustraasje. It hiem fan de hear Jelsma leit der gâns kreazer by as dat fan it Aid Slot. Wethâlder Minkes: De wet op de monuminten is tige absolút en jout de gemeente gjin romte. Op 22 febrewaris 1996 krige men de brief mei de claim fan de Rykstsjinst foar de Monumintesoarch. Mar der is nea opheldering kommen wa't de brief oan Monumintesoarch skreaun hat. De ge- Pagina 6 1 03 Ferslach riedsgearkomste 30 septimber 2008/odab/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 9