foar gemeenten dy't ûnder finansjeel tafersjoch fan de provinsje stean, útfalt. Sy fynt it wol spi-
tich dat it sa ferrint.
Wethâlder De Vries: Yn 2002 hat men in foardering fan 80.000 euro by Westerbaan dellein. Der
kaam yn 2006 in foarstel fan de kurator om grûn binnen Frisia werom te nimmen/keapjen, mar
dêr hie de gemeente gjin belang by. Trip begeliedt de gemeente yn it juridyske trajekt en dat sil
sa'n 120.000 euro kostje. Men is mei in ferwar oan de slach en sil de útspraak ôfwachtsje moat-
Wat him oangiet mei der in stichting foar it ûnderhâld foar de monuminten komme, eventueel yn
gearwurking mei Ljouwert of oare gemeenten. Hy hopet dit jier dêroer noch mei in beslut te
kommen. As men ûndernimmersfreonliker wurde wol dan sil men der noch wol wat oan dwaan
moatte. Men sil alle war dêrfoar dwaan.
De rapportaazje oer it Fryske Marreprojekt hie der yndied wêze moatten. Der leit ek in link mei it
foarstel oangeande Tusken de Marren. It sit him dwers dat it der noch net leit. Der komt aanst
lykwols in rapportaazje mei de stân fan saken en dêrby sil ek in tal senario's foarlein wurde foar
de takomstige plannen.
De hear Bouma (VVD): De VVD wol in stikje ferantwurding hawwe fan wat der dien is.
Wethâlder De Vries: Hy fynt dat de hear Bouma op dat punt gelyk hat.
Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Het heeft zeer veel moeite gekost om een geschikte
kandidaat voor de post van manager ondersteunende diensten te vinden. Het heeft uiteindelijk 4
rondes gekost en men is blij dat men in de heer Fred Koot de nieuwe manager ondersteunende
diensten heeft kunnen vinden.
Bij Klavertjevier is een probleem ontstaan. De meerderheid van het college van Skarsterlan wilde
niet instemmen met de gemeenschappelijke regeling.
Mefrou Dekker (PvdA): Sy wiist derop dat der in ferdieldheid is binnen it kolleezje yn Skarsterlân.
Mefrou Schadd-de Boer portefúljehâlder)Zij wil het in het presidium nog eens aan de orde stel
len. In de komende begroting waren de extra financiële middelen voor de kwaliteitsslag nog niet
opgenomen.
Twadde termyn
De hear Hemminga (GB): De wjerstânskapasiteit jout in byld nei buten hoe t de flagge derby hin-
get. De ferwizing nei in fierder petear yn de auditkommisje om oer it ferskil fan ynsjoch te praten
is foar him te koart troch de bocht.
De hear Bouma (VVD): Men moat der mei de ynformaasjefoarsjenning rekken mei hâlde dat de
ried it earst ynformeard wurdt.
Mefrou Veldstra (FNP): Sy soe nochris yn it presidium of de wurkgroep dualisme beprate wolle
hoe't it ferrint mei it ferstjoeren fan stikken. Wêrom krijt men it oersjoch fan de stelpost ûnfers-
joen net mear? Gauris stiet der by de programma's 'beslútfoarming troch it kolleezje mar noch
net fêststeld troch de ried'. As dat sa is dan kin it der foar har wol út. Ek de befoardering fan it
Frysk hat net oan de oarder west. Dat jildt ek net foar har fragen oer de hûnebelesting en de pre-
cariobelesting. Sy is benijd nei de skriftlik taseine ynformaasje oer Westerbaan.
Wethâlder Van der Meulen: Neffens him stiet it wjerstânsfermogen goed omskreaun. Hy sil der
lykwols mei de ôfdieling nei sjen en de hear Hemminga oer de folge oanpak ynformeare.
Hy wol tasizze dat er ek noch sjen sil nei de listen oer de stelpost ûnfersjoen.
Pagina 11
1 03 Ferslach riedsgearkomste 14 oktober 2008/odab/11