BOARNSTERHIM
Griffie
Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op woansdei 15
oktober 2008 om 20.00 oere yn de Riedseal fan it gemeentehûs oan de J.W. de Visserwei 10 te
Grou
Oanwêzich:
Foarsitter: mefrou P. Schadd-de Boer
Griffier: de hear M. Gelissen
De riedsleden:
fan de PvdA: mefrou P.M. Esser, mefrou J. Dekker-Hoogeveen en de hearen T. de Boer, B. de
Jong, H. Vellinga, J.W. de Visser en
fan GB2000: de hear J. Hemminga
fan de VVD: de hearen M. van der Sluis en S. Bouma
fan it CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga en de hearen J.S. Zijlstra en H. Looijenga
fan de FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga en de hearen S.J. Riemersma en A. Seldenrust
De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: wethâlder D. van der Meulen
Mei kundskip ôfwêzich: de wethâlders mefrou M.E. Minkes en de hear A.J. de Vries en de hea
ren S. van der Meer (GB2000) en R. van der Woude (PvdA)
Fierder oanwêzich: de hear G. Heeringa (gemeentesekretaris)
lepenje
De foarsitter iepent opnij de gearkomste dy't in fuortsetting is fan de gearkomste fan de foarige
3.4 Foarstel oangeande Beslisnota Kaderrichtlijn Water/Water Beheer 21e eeuw en de
Stedelijke Water Opgave Gemeente Boarnsterhim
Mefrou Esser (PvdA): Foar Boarnsterhim is wetter tige wichtich. Yn algemiene sin kin de PvdA
har wol fine yn de beslisnota en yn maatregelen wêrby't it mes oan twa kanten snijt. Der stiet yn
it ramt fan Natura 2000 dat de Alde Feanen in gebiet is út de toplist en sy hat net lézen oft dat
noch finansjele konsekwinsjes foar de gemeenten hat.
De hear Looijenga (CDA): De beslisnota jout gjin grutte wizigings yn ferliking mei de advysnota. It
beslút moat foar 1 novimber nommen wurde. It CDA kin har wol fine yn de argumintaasje. De
wurksumheden moatte uterlik yn 2015 útfierd wurde, sa mooglik yn kombinaasje mei oare pro-
jekten of projekten mei tredden. Binne dêr konkrete plannen foar? Leit der in tiidsplan ûnder? En
hoe sit dat mei it ferskil fan 250.000 euro foar de ôfkeppeling yn Akkrum? It GRP biedt wiers-
kynlik foldwaande dekkingsmooglikheden. Der binne ek noch baggerwurken. Knypt it dan en wat
moat dan earst?.
De hear Van der Sluis (VVD): Der sitte noch al wat ûndúdlikheden yn it stik. Wat binne de fer-
plichtings fan de gemeente foar de takomst no krekt? It ôfkeppeljen fan in hektare wetter yn Ak
krum hat altyd ek de winsk fan de VVD west. Men kin yn earste ynstânsje allinne ynstimme mei
punt 4. Doe't Wergea en Reduzum ôfkeppele waarden hat men as VVD warskôge foar it ber-
1 03 Ferslach riedsgearkomste 15 oktober 2008/odab/1