Mefrou Veldstra (FNP): Troch de ynset fan eigen amtners en de ynset fan wurkleazen kin men fêst jild besparje. De hear Zijlstra (CDA): Hy nimt net oan dat de amtners passyf tasjogge by de útfiering fan dit wurk. Ynset fan amtners kostet ek jild. Mefrou Veldstra (FNP): Yn 2001 is der in himmeldei organiseard en amtners hawwe dêr doe ek frijwillich oan meidien. Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Bij elke nieuwe uitgave kijkt het college hoe men het zo goedkoop mogelijk kan uitvoeren. Het werk is dusdanig specialistisch dat men een extern bu reau moet inzetten. Zij ontraadt dan ook de motie. Mefrou Dekker (PvdA): Sy ûnderskriuwt de wurden fan de hear Hemminga. It is tige lestich yn te skatten en it is tige spesjalistysk wurk en boppedat sil begelieding ek jild kostje. De PvdA sil de moasje dan ek net stypje. De hear Hemminga (GB): GB fynt net dat it mear kostje mei as de 75.000 euro. Mefrou Dekker (PvdA): Dat hat sy absolút ek net mei har wurden bedoeld. De hear Zijlstra (CDA): Stiet de hear Hemminga achter it twadde punt fan de moasje? De hear Hemminga (GB): Hy kin meigean mei it stribjen fan it kolleezje om net mear as 75.000 euro út te jaan. De hear Zijlstra (CDA): Hy fynt de moasje op himsels wol in goed inisjatyf. De begelieding is lyk- wols in ekstra belesting en it giet boppedat om spesjalistysk wurk. It CDA kin de moasje dêrom net stypje. Mefrou Veldstra (FNP): Sy wol de moasje yn stimming bringe. Men hat neffens har hjir in kâns om jild te besparjen. De foarsitter: Brengt de motie in stemming. De motie wordt met 5 stemmen voor en 10 stemmen tegen verworpen. Er wordt conform het voorstel besloten. De FNP en de VVD willen geacht worden tegen te zijn. 4.5 Foarstel om yn te stimmen mei de nota "snippergroenbeleid 2008" De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.6 Gelegenheid foar riedsleden om fragen te stellen De hear Zijlstra (CDA): Nei oanlieding fan in soosbesite yn Wergea freget er oft it nedich is om twa diplomearre bewakers foar de befeiliging by it hardcorefeest yn te setten. De proeftiid foar de soos is foarby en it bestjoer hat tuskentiids nedige maatregelen nommen. De bestjoerders bin- ne der seis by en der is goed oerlis mei de plysje. Sa'n opleine befeiliging past net by de jeugd soos yn it doarp en it kostet boppedat in protte jild. Is dy befeiliging yndied foar it hardcore-feest nedich? Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Het feest trekt veel jongelui. In zijn algemeenheid ver eist een feest in een jeugdsoos geen extra beveiliging. Als men echter weet dat bepaalde evene menten zeer veel publiek trekken dan vindt het college het noodzakelijk dat er extra beveiliging is. Pagina 6 1 03 Ferslach riedsgearkomste 15 oktober 2008/odab/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 26