jochtsje wolle. By de bestriding fan Ongedierte komt ek it belang fan de folksûnens om 'e hoeke en dêrom moat der wol in balâns yn socht wurde. De hear De Visser (PvdA): Is it wol in oerheidstaak? Wethâlder Van der Meulen: De folksûnens kin soms yn it geding komme en dan moat men der wol wat oan dwaan. De drompel moat net te heech wurde. Hy wol de ideeën oer led-ferljochting fierder Ondersykje en dêroer mei in beliedsnotysje komme. Oer de Burdpont: foar de ein fan it jier sil it kolleezje de stân fan saken taljochtsje. Oer it learlin- geferfier: - as er him net fersint - wurket men no al mei in ynkommensôfhinklike bydrage. Hy seit in evaluaasje oer doarpsbehear ta. Men is dwaande om de learplicht by Ljouwert Onder te bringen. Der is wol jild foar en it wurk fynt neffens de wetlike basis wol plak. Hy is bliid dat men mei help fan de meiwurkers kommunikaasje in goed oersicht fan de begrutting yn Op 'e Hichte publisearje kinnen hat. It fytspaad kin net sûnder eigen middelen realisearre wur de. Men hat noch oerlis mei de provinsje oer it feilich stellen fan de subsydzje. De produktbegrutting is oan de riedsleden tastjoerd. Oangeande it Onderwiis/jeugdbelied: men sil ynkoarten mei in notysje mei kaders komme foar O.o. in belied foar it werombringen fan it gebrul* alkohol. As men men mei de finânsjes foar it útbesteegjen fan it GVVP net Otkomme kin dan sil it kollee zje dêroer nei de ried takomme. Wethâlder Minkes: Men hat in drege simmer hân oangeande de sosjale foarsjennings. Men hat yn Boarnsterhim in minimabelied foar ynkommens oant 110%, wylst oare gemeenten wol oan 125% ta geane. De lucht is der wol út en dat jildt ek foar de bysûndere bystân. Sy wol graach de kollektive soarchfersekering foar de minima behâlde. Men hat no in kontraktfoarm mei de Stichting Algemeen Maatschappelijk Werk Friesland. Mei it kontrakt fan trije jier (oant 2010) kri- ge men in stikje kontinuïteit. Swol is no Welzijn Leeuwarden wurden. It kolleezje hat op 30 septimber in brief skreaun oer it beëinigjen fan de subsydzjerelaasje. De gemeente wol net nei in oanbodstjoerde soarch mar nei in fraachstjoerde. Men wol ôfspraken meitsje mei Welzijn Leeuwarden oer wat foar produkten yn de mienskipssoarch passé. Men wol graach flechtlingen yn Boarnsterhim opnimme, mar der is hast gjin oanbod foar Flechte- lingewurk en dan kin men it bedrach net mear ferantwurdzje yn de boeken. De doarpswachten binne gjin minsken út de eigen gemeente, want dan soe men in berop dwaan kinne op it wurkdiel binnen de WWB en it wurdt ek lestich om sokke minsken yn de gemeente te finen. Binnen it Sosjaal Team komme in tal wurkfjilden gear en it kin funksjonearje sa't it oan no ta die. De hear De Jong (PvdA): De bezuinigingen op de hulpmiddelen en maatschappelijk werk zullen ertoe kunnen leiden dat een groter beroep gedaan wordt op de bijzondere bijstand. Wethâlder Minkes: Besuniging op maatskiplik wurk is no net oan de oarder. Sy freget har óf oft men by it ófskaffen fan de toiletten en beugels wol yn oanmerking komt foar de bysûndere by- stân. It hinget fan de yndividuele situaasje óf. By de werstrukturearring hat men in skoft de oanpak stillizze moatten. De werstrukturearring yn de Prinsessebuert komt no op gong. De gemeente hat op dit momint gjin jild foar de taheakke wearde foar de iepenbiere romte. It probleem rjochtet him no benammen op Sinnebuorren. Men is yn petear mei Welkom oer de oanpak en by de maaitiidsnota komt it kolleezje derop werom. Men krijt fia in boekwurkje ynformaasje oer it konvenant oer it alkoholbelied. By de sosjale wetjouwing binne gâns ûntwikkelings. It ekstra jild wurdt troch it Ryk wol 'geoog- merkt', mar net 'geoormerkt'. Yn de foarjiersnota hat de ried har goedkarring ferliend oan it beskikber stellen fan middels foar de earmoedebestriding en foar de jeugd, mar de provinsje hat Pagina 14 1 03 Ferslach nedsgearkomste 28 oktober 2008/odab/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 17