Wethâlder Van der Meulen: De ried sil û.o. in byld krije fan de weardestiging fan de huzen en it effekt dêrfan op de tariven. Men hat oer de oandroegen saken neitocht en dat fynt syn fertaling yn de begrutting. De hear Bouma (VVD): It giet der by him net yn dat men foar dit jier wer mei itselde ferhaal komme kin. Wethâlder Van der Meulen: Neffens him is it persintaazje wol ferantwurde. Wol de ried dêryn net meigean dan sil der by de twadde trâns mear besunigings komme moatte. De hear Van der Woude (PvdA): De wethâlder giet neffens him in stap te hurd, want hy mei it fertrouwen fan yn elts gefal de PvdA-fraksje wol hawwe. Wethâlder Van der Meulen: Hy wol de twadde trâns net út it each ferlieze. As men no minder besunigje wol dan sil men dan gruttere problemen krije. Men mei gjin bestimmingsreserve meitsje fan in post út it GRP. Wethâlder Minkes: Sy merkt op dat de besuniging by sosjale saken miskien hiel meager is, mar de omfang fan it jild is ek beheind. De hear Hemminga (GB): Hy fynt dat de soarch mear omtinken hawwe moat en dat der minder op besunige wurde moat. Wethâlder Minkes: Fierder merkt sy noch op dat men it oangeande de twa wethâlders it oer it re- zjym nei 2010 hie. Wethâlder De Vries: Alle jierren wurde nei de bedriuwenekontaktdagen de saken evaluearre. Dat is soms min yn te skatten, omdat de spin off pas faak letter yn it jier sichtber wurdt. De bedri- uweterreinen geane net as waarme broadsjes fuort, mar dochs wurde der kontakten lein dy't let ter ta oankeap fan in bedriuweterrein liede. De bedraggen foar de rûzing oer Grou-Noard binne net út 'e loft fallen. De foarsitter: Zij wijst erop dat men via de griffier nog een week lang vragen aan het college kan voorleggen. 3.3 Foarstel om fêst te stellen de procedureverordening voor advisering tegemoetkoming in planschade De hear Van der Woude (PvdA): Wannear krijt de ried feroardering op de grûneksploitaasje? De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is wiis dat dit stik no foarleit.lt hie der eins al earder wêze moatten. De foarsitter: Het college zal de vraag van de heer Van der Woude nog schriftelijk beantwoorden. Wethâlder Minkes: De modelferoardering fan de VNG kaam hiel let binnen en dêrom is it wat let ter wurden. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.4 Foarstel om yn te stimmen mei de oanskaf fan it Cliënten Begeleidingssysteem (CBS) fan Q-Matic Pagina 17 I 03 Ferslach riedsgearkomste 28 oktober 2008/odab/t 7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 20