De hear De Visser (PvdA): Hy wiist derop dat de VVD earder yn dit jier smelle skoallen bouwe woe. As it 'no go' wurdt, stapt it kolleezje dan op? De hear Vellinga (PvdA): De planning is tige wichtich, net allinne foar de koarte termyn, mar ek foar de lange termyn. Wannear steane de skoallen der? De hear Seldenrust (FNP): Hy slút him oan by de foarige sprekkers. Hy is wol wiis mei it entüs- jasme, mar wat is de planning? Wat is de bydrage fan de sport? Men moat foar 11 novimber me- ar witte. Men hat noch net iens in sheet mei ynformaasje krigen. De strategyske partner sil him dus net sasear mei de bou fan de brede skoalle dwaande hâlde mar fia werstrukturearringssaken soenen der mooglikheden wêze om op in oare wize jild oan de brede skoalle bydrage te kinnen. In strategyske partner soe lykwols yn syn eagen de brede skoal le mei drage. De foarsitter fan it kolleezje hat sein dat men per 1 novimber opstappe soe as der net in konkreet plan lei. De foarsitter: Zij wijst erop dat de politieke discussie volgende week plaatsvindt. Deze vergade ring is gericht op het geven van informatie door de stuurgroep en het bevragen van de stuur groepleden. De hear Seldenrust (FNP): Wêr moat men dan op reagearje? Der leit te min ynformaasje foar. Der is gjin konkreet plan mei in finansjele Onderbouwing. De foarsitter: De bespreking op 11 novimber kan plaatsvinden op grond van een voorstel dat het college deze week aan de raad zal zenden. Mefrou Meinderts (CDA): Yn Akkrum hat men in bepaalde konstruksje foar it behear fan de sporthal? Is dat yn Grou ek winsklik? De hear Zijlstra (CDA): Hy is lid fan de klankboerdgroep. Der sprekt in protte fertrouwen út de bydrage fan de leden fan de stjoergroep. Hy hat it gefoel dat men mei de basis fan dit moment fierder is as men ea earder west hat. It is neffens him ek in basis op fêste grün. Hy hat faak plei te foar de ynbring fan de strategyske partner. Hy is bliid dat dy der no by is. De hear Van der Sluis (VVD): Hoe sit it mei de hierkosten oan Welkom? Is dat in persintaazje fan de nijboukosten of fan de ferfangingswearde? De hear Bonnema: Is it wol ferstannich dat Welkom de skoallen bouwe sil? Der binne yn dat fer- bân trije risiko's, wêrtroch it ferstanniger is dat de bou fan de skoallen ûnder ferantwurdlikheid fan de gemeente ta stân komt. Yn it foarste plak is it juridysk net wetterticht te krijen dat in wenningboukorporaasje sokke skoallen bouwe kin. De twadde reden is as men werstrukturearring en Ontwikkeling brede skoallen oan elkoar ferbynt dat men dan yn in polityk strategysk lestich trajekt komt. Oare merkpartijen soenen dêr har fragen by stelle kinne. As tredde slacht de kre- dytkrisis ek behoarlik yn. Men sil it finansiere moatte mei jild út de merk en dat is ek foar in wen ningboukorporaasje in lestige saak. Men hat sjoen hoe't de wenningboukorporaasje as folkshúsfester ek it finansjele belang fan de gemeente tsjinje kin. Kin men fia in mearjierretrajekt wat berikke wêrtroch de middelen der wol binne? Welkom is yn alle gefallen ree om in gruttere ferantwurdlikheid troch te ynvestearjen yn griis en grien. It konvenant werstrukturearring (2005) giet út fan sa'n 100 miljoen euro. Oan de njjbou en it frijkommen fan lokaasjes soe men sadanich saken keppelje kinne dat men ek jild- streamen foar de brede skoalle realiseare kin. Men is in hiel ein op wei. Pagina 4 1 03 Ferslach ekstra nedsgearkomste 3 novimber 2008/odab/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2008 | | pagina 32