Wethâlder Minkes: Oangeande moasje 1 (minimabelied). It bedrach is basearre op CBS-sifers. It is
in autonoom foech fan de gemeente om it jild earne foar te brûken. De provinsje wol by hege
útsûndering ynstimme mei it beskikber stellen fan it bedrach.
De hear Bouma (VVD): Hy hat seis ek kontakt mei de provinsje socht en neffens syn ynformaasje
wie it op it rântsje. Troch in fersin krige er in oare mail en dêrby krige er de yndruk dat de pro
vinsje it reade poatlead hantearje soe.
Wethâlder Minkes: Sy hat kontakt socht mei de hear Spekman. It Ryk soe rekken hâlde moatte
mei gemeenten dy't ûnder provinsjaal tafersjoch steane. Men hat nei oanlieding fan 'it reade
poatlead' aksje ûndernommen.
De hear Zijlstra (CDA): Bringt de hear Bouma elke mail yn de iepenbierheid dy't eins net oan him
rjochte is?
De hear Bouma (VVD): Hy hat dêrút de ynformaasje helle dat de provinsje it reade poatlead han
tearje sil. Hy hat ek oanjûn fan wa't de mail kaam. Hy hopet net dat it ferhaal fan de wethâlder
oars wurdt.
Wethâlder De Vries: De tekst oer de brêgebetsjinning joech wat ûndúdlikheid. Der is in bedrach
fan 14.000 euro keppele oan de spoarbrêge/Weidlânsbrêge. Dêrnjonken rint in pilot hoe't men
tichter komme kin by it tema 'Grensloos varen'. Boarnsterhim wol dêr wol oan meiwurkje, mar
dan wol budzjetêr neutraal. Der is al in earste 'herijking' fan it Fryske Marreprojekt yn de ried be-
sprutsen en der sil noch in twadde komme. Dêrom is it bedrach fan 8 ton foar it Fryske Marrepro
jekt net opnommen.
It foarstel is om de toeristebelesting yn fazen te ferheegjen. It kolleezje soe mei de brânzje yn
oerlis gean wolle en dêr de romte graach foar hawwe wolle.
Wethâlder Van der Meulen: Men sil noch ynformaasje jaan oer de leezjes yn ferbân mei de kos
tendekkendheid.
Mefrou Dekker (PvdA): Hoe sit it mei de pm-posten yn de begrutting?
Wethâlder Van der Meulen: It wol net sizze dat men dy posten net yn byld hat en dat men wat
ferberget. It kolleezje wol earst in skerp byld hawwe wat de behearsplannen kostje moatte. Oars
is it wat in slach yn 'e loft.
De hear Riemersma (FNP): Yn de mearjierrebegrutting steane noch al wat pm-posten. Is dat ek in
slach yn 'e loft?
Wethâlder Van der Meulen: It is net ferstannich in rûzing te meitsjen as de behearsplannen noch
net útwurke binne.
De hear Riemersma (FNP): Troch de pm-posten wit men net wêr't men oan ta is.
Wethâlder Van der Meulen: Hy wiist derop dat oan de opbringstekant der wol rekken mei hélden
wurdt.
De hear Van der Woude (PvdA): It sil dus ta in ferswierring liede op termyn?
Wethâlder Van der Meulen: Dat hinget fan it nivo óf dat de ried oan de behearsplannen takenne
wol.
Pagina 9
1 03 Ferslach riedsgearkomste 12 novimber 2008/odab'9