Grou, de provinsje moat noch dúdlikheid jaan en sa binne der noch mear tûkelteammen. As men
de léste kâns net pakt dan komme de brede skoallen der net.
De riedsleden moatte nochris yn de spegel sjen. Moat men it entûsjasme en it fertrouwen fan al
dy learlingen, de kultuerleafhawwers en sporters no beskamje troch de fuortgong te frustrearjen?
De hear Hemminga (GB): GB freget him óf hoe't it mei de leauwensweardichheid fan it kolleezje
sit. Hyltyd wurde der saken útsteld. In projektlieder wurdt fuortstjoerd. Sinjalen dat it net goed
gie, waarden troch it kolleezje negeard. It kolleezje ferbynt yn july har eigen lot oan de fuortgong
fan de brede skoallen. Foar 1 novimber soe der in definityf foarstel komme. Mar dan wurdt der
wat skood mei de einferantwurdlikheid fan de boargemaster nei wethâlder Minkes ynstee fan de
einferantwurdlikheid by de ûnderwiiswethâlder (Van der Meulen) del te lizzen. It is wat kosmety-
sk gedoch. It foarstel dat der no leit is net it foarstel dat yn july de ried foar eagen stie. In kollee
zje mei rêchbonke hie syn konsekwinsjes lutsen. Om no mei it proses troch te gean is net safolle
oer te sizzen omdat bepaalde saken Onder de fertroulikheid falie.
Earder is der ek mei Welkom praat en dy is doe ôfheakke. Wat binne no presys de arguminten
dat Welkom no wol posityf is? Wurde der tasizzings dien oer bougrûn lykas foar bougrûn yn Ak-
krum East. Dér wol er earst dúdlikheid oer hawwe en net yn in fûke lutsen wurde. It is net dúdlik
oft der in betelbere brede skoalle komme kin. Hoe sit it yn de nije situaasje mei saken as Ijocht en
lûd? It is dus net in definityf plan en it is alhiel net dúdlik oft it betelber is.
Wethèlder Minkes: It fertrektpunt is it amendemint fan 1 july 2008. Der kaam doe in grutte fero-
aring. De mienskip hat it projekt doe oppakt. It Onderwijs en de beide oare partisipanten binne
mei it basismodel fan de brede skoalle te set gien. Men wol ek op ien of oare wize de funksje fan
de biblioteek en it Sintrum foar de Keunsten derby belûke. It is net 'ondernemingsgezind' om de
sifers op it kleed te lizzen.
Welkom is in natoerlike partner foar de gemeente. Dy woe de werstrukturearring oppakke dêr't
de gemeente noch net oan ta wie.
Men kin twa kanten út. Alle saken earst útsykje of no mei it proses fierder gean. De ynfrastruk-
tuer komt by de folgjende stap oan de oarder. As de ried de basis net foldwaande fynt, dan kin
men net fierder gean.
Har kollega-wethâlders hawwe perfoarst har oandiel levere. De strategyske partner hat de saken
net foar de gemeente betocht. Mei soberheid kin men ek goede saken dwaan. Duorsum bouwe
sil men net út de wei gean, mar it sil wol hiel pragmatysk ynpast wurde.
Der is fan de top oant en mei de basis fan de skoallen hiel hurd wurke. De stjoergroep koe op 3
novimber ynformaasje jaan en yn dy oanpak hat sy neat ferkeards sjoen. De wize fan gearwur-
king hat yn har eagen fertrouwen oan beide kanten jûn. It kolleezje is neffens har de beloftes wol
neikommen. It foarstel wurdt no lykop mei de begrutting foarlein. Men kin wol in oare beleving
fan it plan hawwe, mar in komplete oanbesteging is net yn 3 moannen te regeljen.
De Staj jout oan dat it kolleezje in ynspanningsferplichting hat. Dat is yndied wier; want der is in
tydlike fergunning oant novimber 2009 en men moat ek witte hoe't men neitiid fierder moat. Der
komt noch in kommunikaasjeproses mei de omwenners fan de brede skoallen. Sy wol de swim-
baddiskusje net oerdwaan. De grûn koe noch foar 1 jannewaris 2008 bouryp makke wurde en
dan hoecht men der letter mei de bou net mear op te wachtsjen. De wetlike foarskriften oange-
ande it lüd jilde noch steeds. Sinnebuoren wie ien fan de punten wêrom't Welkom oan it proses
meidwaan woe.
De foarsitter: In juli heeft de raad het amendement omarmd en het college kon zich erin vinden.
Het college zou opstappen als er op 1 november geen plan lag met een financiële onderbouwing.
De stuurgroepleden vertegenwoordigen de maatschappelijke betrokkenheid van de bevolking. De
stuurgroep kwam tot overeenstemming over een programma van eisen en daarnaast kwam de
medewerking van de woningbouwcorporatie. Deze ontwikkelingen gaven het college het ver-
Pagina 4
1 03 Ferslach riedsyearkomste 11 novimber 2008/odab/4