syn reaksje wat negatyf. De lanlike oerheid inisjeart it projekt en de provinsje ynvesteart. Der komt noch in hiel ferhaal fan útfieringsnota's oan. Moast dat no sa? Dochs stiet der ek hiel wat goeds yn it stik. Hy is hiel benijd nei de útfieringsnota's. Wat fynt it fjild derfan? Wat hâldt it konvenant mei de provinsje yn? De hear Hemminga (GB): Hy kin him wol oanslute by de de wurden fan de hear De Boer. It binne hiele dikke pakken papier. Men moat ticht by de grûn bliuwe en net tefolle iepen doarren brûke. Der sit foar syn gefoel nochal wat knip- en plakwurk yn; it soe wat effektiver skreaun wurde kin- ne. Men hat ferlet fan konkrete útfieringsnota's. De hear Bouma (VVD): As startnotysje kin de VVD der wol mei út de fuotten. It persintaazje oer de stjergefallen op side 10 ropt wat betizing op. Hoe sit dat? Mefrou Veldstra (FNP): De notysje slút oan by de lanlike en provinsjale ûntwikkelings. De lokale oerheid kin better ynspylje op belied dat derop rjochte is leechdrompelige stipe te jaan. Goede óf- spraken mei û.o. jeugdsoarch, jeugdsûnenssoarch en plysje binne in pree. Sy hat hiel wat gear- komsten fanút Provinsjale Steaten mei organisaasjes meimakke oer dit Onderwerp. De kommuni- kaasje is tige wichtich; alle partijen moatte der aktyf by belutsen wurde. Men wol mei it Onderwi- isfjild in wurkbyienkomst organisearje foar in konkrete ynfolling. Men moat lykwols neffens har mei alle oare partners ek oerlis hawwe. De gemeente Boarnsterhim hat neffens side 29 in ûnôfhinklike jongereinried. Mar hoe giet it eins mei de jongereinried? Hoe wurdt dy by de nota belutsen? Ein 2008/begjin 2009 moat de útfieringsnotysje klear wêze. Hoe wol men dat oanpakke? Der wurdt neffens de wethâlder yn dizze moanne in konvenant tekene oer de Sintra foar Jeugd en Gesin. Wêrom is yn juny 2008 de subsydzje-oanfraach ynlutsen? En wat hat it kritearium west om no dochs per jannewaris 2009 út ein te setten? Is de 24.500 (ekstra ympuls) euro wol genôch? Is it jierliks kredyt foar it oanstellen foar in koör- dinator wol te realisearjen? De FNP soe der bliid mei wêze as de jongerenwurker weromkomt. Mefrou Meinderts (CDA): De kompliminten foar de notysje. It Onderwerp hat in protte reitsflak. It is wol needsaak dat it konkreet útwurke wurdt. De eigen kracht moat fan Onderen óf komme en dat soe neffens it CDA wat mear klam krije kinne. Neffens har hat de jongereinried op dit momint gjin ynbring en ek gjin draachflak mear. Hoe stiet it dêrmei? Wethâlder Van der Meulen: Hy is der bliid mei dat it Onderwerp de ried tige oan it hert giet. De jongerein moat maksimale kânsen krije. Men moat earst in goede startnotysje hawwe foar in fier dere útwurking. Foar it komplete spektrum hat men dy 30 siden wol nedich, want oars kin men letter ek net goed kontrolearje oft men oan de ferwachtings foldien hat. Der sitte yndied wat sifers yn dy't fragen oproppe. De bernestjerte giet út fan in tal fan 100.000 en as men by in frij lyts tal bertes in tal stjergefallen hat dan wurdt dat kengetal nochal sterk ekstrapoleard. As men nei de ôfrûne 5 jier sjocht dan wykt de gemeente net óf. Boarnsterhim hat al tige ynvestearre yn de soarch foar bern. Der is dan ek in goed netwurk en der binne goede kontakten mei it fjild. Men hat in startgearkomste hân oer de Sintra foar Jeugd en Gesin. De partisipanten witte inoar no ek te finen. Op koarte termyn kin men komme mei de útwurkingsnota's op bepaalde gebieten. Men krijt noch in oersjoch fan de kosten en de middels dy't beskikber binne. De jongereinried funksjonearret op dit momint net sa't men miskien hawwe wolle soe. Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Zij werkt aan een herstart van de jongerenraad. Daar over is contact met mevrouw Jongsma van de OSG Sevenwolden. Mevrouw Jongsma kijkt of Pagina 8 1 03 Ferslach riedsgearkomste 2 desimber 2008/odab/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 11