binnen het lesprogramma maatschappijleer jongeren enthousiast gemaakt kunnen worden voor het werk van de jongerenraad. Het is goed dat er ook vanuit de school wat ondersteuning komt. Zij zal de raad over de voortgang op de hoogte houden. De hear De Boer (PvdA): Wat hâldt it konvenant foar de Sintra foar Jeugd en Gesin yn? Mefrou Meinderts (CDA): It draachflak foar de ynbring fan de jongereinried fia OSG Sevenwolden liket har wol wat te beheind. Wethâlder Van der Meulen: Men leit it konvenant op besjen en dat kin men der de oare kear oer prate. Twadde termyn Mefrou Veldstra (FNP): It konvenant wurdt dus op 19 desimber ûndertekene. Komt de utfierings- nota dan al yn desimber? De subsydzje-oanfraach hat men yn juny ynlutsen en wêrom set men der no dan opnij mei út ein? Is de nije koördinator in soarte fan jongerenwurker? Sy nimt oan dat it oerlis sa breed mooglik west hat. De hear Hemminga (GB): Hy hat bedoeld dat men koartere en kearneftigere stikken produsearje moatte soe. Dat mist er yn de nota. Wethâlder Van der Meulen: Men sil syn bést dêrfoar dwaan. It konvenant komt op besjen te liz- zen en it kolleezje tekent it konvenant op 19 desimber. De ried kin op 16 desimber noch kantte- kenings meitsje. Men moast de subsydzje-oanfraach ynlüke omdat men foldwaan moast oan de betingsten. Boarnsterhim wie in wite flek oangeande Jeugd yn Fryslân. Men wol de saken no effisjint en ef- fektyf oppakke. De gemeente is in soarte fan spin yn it web en dêrta hat men in koördinator ne- dich. Underwiis, Sosjaal Team, ûnderwiis, GGD ensafuorthinne hawwe by it oerlis oanwêzich west. De foarsitter: Men kan er op 16 december nog over spreken. As B-stik nei de ried. Mefrou Dekker (PvdA): Sy soe mei it each op de oanwêzigen earst agindapunt 3.6 besprekke wolle. De hear Hemminga (GB): Hy is it dér net mei iens. Men soe de agindapunten koarter ôfhannelje moatte. De foarsitter: Zij vraagt of andere raadsleden de volgorde van de agenda willen wijzigen en stelt vast dat de de meerderheid de agenda wil volgen. 3.5 Foarstel om yn te stimmen mei it beliedsplan Wmo 2008-2011 De hear Looijenga (CDA): De titel 'Mienskipssoarch ek ús soarch' sprekt it CDA tige oan. It be liedsplan jout in dúdlike opbou. It is in plan op haadlinen, mar ek de finansiering en de ferantwur- ding wurde oanjûn. It budzjet bestrykt mar in lyts stik fan de WMO-prestaasjefjilden. Der stiet lykwols û.o. noch net yn wat de kosten wêze sille en wat it tiidsplan is. Dêrom kin men der noch net al te folie fan sizze. De wethâlder soe tasizze moatte dat der mear konkretere yn- formaasje komt. Yn desimber soe men de feroardering kliïntepartisipaasje WMO ferwachtsje kin- ne. Is der al wat fan dy datum bekend? Pagina 9 1 03 Ferslach riedsgearkomste 2 desimber 2008/odab/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 12