De hear Van der Meer (GB): Er is oorspronkelijk subsidie verleend voor de brug in Wergea. GB is het eveneens niet met de wijze van financiering eens. De 8.000 euro kan voor GB wel aange wend worden voor de bestemmingsreserve automatisering brugbediening in Wergea. De hear Vellinga (PvdA): Neffens him hat men de subsydzje fan 50.000 euro pas as it wurk út- fierd is. Dan moat dus it jild op dit momint foar in pear jier út de algemiene reserve komme De hear Van der Meer (GB): Hoe lang duurt het dan volgens de heer Vellinga voordat het klaar is? De hear Vellinga (PvdA): It giet om it prinsipe dat men earst jild frijmeitsje moat om it wurk útfie- re te kinnen en dat men dêrnei de subsydzje krijt. Mei 5 jier sil men besjen wat men mei de brêge yn Wergea dwaan sil. De PvdA is it der dus wol mei iens dat men de subsydzje foar de slûzen brûkt. De tekst ûnder it foarstel (léste alinea side 1) soe lykwols oanpast wurde moatte. Wethâlder Van der Meulen: Men moat yndied de subsydzje net strûpe litte. Hy is it dermei iens dat men it nochris oer de wize fan finansiering hawwe moat. Men sil de kommende jierren de brêge yn Wergea monitoare. Dan kin men dêrnei ta in beslút komme oer de útfiering fan de brêge en de finansiering dêrfan. It kolleezje bliuwt dus stean ach ter de ôfspraak dat men oer 5 jier wer nei de brêge fan Wergea sjen sil. De hear Van der Sluis (VVD): De hear Vellinga suggerearret dat it mar ien of twa jier duorje sil (mei de kapitaallêsten). Kloppet dat? Wethâlder Van der Meulen: Dat kloppet net. Yn desimber 2007/jannewaris 2008 hat er útlein hoe't it yn inoar stekt. It is foar de subsydzje fan belang dat men yn desimber starte kin. Foar de maaitiid 2009 moat it gehiel realisearre wurde. De foarsitter: Zij geeft de inspreker de gelegenheid voor het geven van een reactie. De hear Galama: Hy hat besocht it simpel te hélden. It giet om de finansiering fan 42.000 euro en normaal dekt men dat út de subsydzje. Mar der sit noch in bydrage yn fan sa'n 3.000 euro foar sa'n 25 jier lang. Men finansiert it foar twa kear. Boarnsterhim is de iennichste gemeente dy't it yn ferliking mei de buorgemeenten sa docht. De BBV jout der net in ferbod op. Of Boarn sterhim docht it goed of de oare gemeenten dogge it goed. Twadde termyn De hear Riemersma (FNP): Hy is it net iens mei de wize fan finansiering, mar hy kin der no fierder wol yn meigean. Nei de hear Vellinga ta: De oannimmer krijt fan tefoaren al syn sinten ek net. It kolleezje giet der neffens de tekst eins al fan út dat it in fêste brêge wurdt. Dat mei dochs net de konklúzje wêze? De hear Van der Meer (GB): GB vindt dat subsidies besteed moeten worden aan het doel waar voor deze zijn bestemd. Hier verdwijnt de subsidie evenwel in een bodemloze put. Elk jaar geeft men 25 jaar lang drie duizend euro aan de volgende generaties door als last. Het wordt pas een jaar later in de balans opgenomen. Voor een periode van drie maanden moet het wel mogelijk zijn. Wend de subsidie dus aan om het krediet te dekken. De hear Vellinga (PvdA): Men kan niet eerst uitgeven en dan vaststellen. Een subsidie of krediet wordt in de raad vastgesteld. Pagina 1 3 1 03 Ferslach riedsgearkomste 2 desimber 2008/odab/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 16