Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje ûntriedt it amendemint en de moasje; de arguminten binne de ried wol bekend. De hear Seldenrust (FNP): Rint de subsydzje troch de moasje en amendemint, en dermei it wurk oan de slûzen, ek gefaar? De foarsitter: Schorst de vergadering om gelegenheid voor overleg te geven. De foarsitter: Heropent de vergadering en geeft het woord aan wethouder Van der Meulen. Wethâlder Van der Meulen: As men de moasje en it amendemint oannimt, komt men foar de fraach te stean oft men it stik opnij formeel oan de provinsje foarlizze moat en dan rint men de kâns dat men de subsydzje misrint. De hear Van der Meer (GB): De provincie had toch al ingestemd met de 11 5.000 euro? Wethâlder Van der Meulen: It foarstel fan de moasje hat ynfloed op de reserveposysje en dy giet achterút en dêr hat de provinsje ek wat oer te sizzen. De hear Van der Meer (GB): Het maakt in wezen niets uit, omdat de financieringslasten blijven. Wethâlder Van der Meulen: Hy soe de ried advisearje wolle om it risiko net te nimmen dat men it opnij oan de provinsje foarlizze moat. De hear De Visser (PvdA): De fraach bliuwt fansels wat de beliedsline bliuwt. Hy wiist derop dat de iene kear de rintelêst by de reserves heger wurdt en de oare kear de rintelêst fan de eksploi- taasje. De hear Riemersma (FNP): Hy kin mei de moasje en amendemint meigean. De provinsje wol de slûzen dochs op oarder hawwe en men rint dêrby neffens him dan ek gjin gefaar. De hear Looijenga (CDA): It CDA kin net meigean mei it amendemint en de moasje. Men moat sa gau mooglik mei de oanpak begjinne. De finansiering fertsjinnet gjin 'schoonheidsprijs' en men moat it ynkoarten nochris oer de wize fan finansiering hawwe. De foarsitter: Brengt het amendement in stemming. Het amendement wordt met 7 stemmen voor (FNP, VVD en GB) en 10 stemmen tegen (PvdA en CDA) verworpen. Zij brengt het voorstel in stemming. Het voorstel wordt met 10 stemmen voor (PvdA en CDA)en 7 stemmen (FNP, VVD en GB) tegen aangenomen. Er wordt conform het voorstel besloten. Zij brengt de motie in stemming. De motie wordt met 7 stemmen voor (FNP, VVD en GB) en 10 stemmen tegen (PvdA en CDA) verworpen. 4.8 Gelegenheid foar riedsleden om fragen te stellen Mefrou Veldstra (FNP): Men hat al in antwurd krige op de earste fraach fan de wethâlder en oer de twadde fraach hat men fan de amtners ek al in antwurd krige. De hear Hemminga (GB): Op de riedsgearkomste fan 12 novimber hat de foarsitter oankundige ju- ridyske stappen te oerweagjen rjochting de hear Galama nei oanlieding fan publikaasjes yn de Ljouwerter Krante. De foarsitter hat oankundige dat men twa buro's ynskeakele hat. Hokker buro's binne dat en wat foar budzjet is dêrfoar reservearre? Wat is is it resultaat fan dy konsul- taasjes? Op hokker termyn tinkt it kolleezje konkrete stappen te setten? Pagina 16 1 03 Ferslach riedsgearkomste 2 desimber 2008/odab/16

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 19