BOARNSTERHIM Griffie Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 16 desimber 2008 om 19.00 oere yn de Riedseal fan it gemeentehûs oan de J.W. de Visserwei 10 te Grou Oanwêzich: Foarsitter: mefrou P. Schadd-de Boer Griffier: de hear A.G.M. Rutten De riedsleden: fan de PvdA: mefrou P.M. Esser, mefrou J. Dekker-Hoogeveen en de hearen B. de Jong, T. de Boer, H. Vellinga, J.W. de Visser fan GB2000: de hearen J. Hemminga en S. van der Meer fan de VVD: de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga en de hearen J.S. Zijlstra en H. Looijenga fan de FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga en de hearen S.J. Riemersma en A. Seldenrust De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de wethâlders mefrou M.E. Minkes en de hearen A.J. de Vries en D. van der Meulen Fierder oanwêzich: de hear G. Heeringa (gemeentesekretaris) en de hear B. van der Meer (advi seur Welkom). Mei kundskip ôfwêzich: de hear R. van der Woude (PvdA) 1. ALGEMIEN 1.1 lepenje De voorzitter opent de laatste vergadering van 2008 en heet alle aanwezigen en de luisteraars van de Boarnsterstim welkom. 1.2 Fêststellen fan de wurklist De foarsitter: Zij wijst op de informatie die de griffier beschikbaar gesteld heeft over bepaalde voorstellen van de agenda. (Bij de agendapunten 4.8, 4.9 en 4.10 dient de raad nog aan te ge ven of de voorstellen de status van een hamerstuk of een bespreekstuk hebben.) De hear Hemminga (GB): It foarstel oer de heffing fan de jilden foar it fear stiet mieningsfoarmj- end as 3.3 op de aginda en beslútfoarmjend as 4.2. Dat léste giet him wat te hurd en dat soe er foar de aginda fan jannewaris fêstlizze wolle. Wethâlder Van der Meulen: Dat jout problemen. It konvenant is opsein en de nije situaasje moat wol per 1 jannewaris fêststeld wurde. De hear Bouma (VVD): De VVD hie itselde punt as GB. It kolleezje hie it earder op de aginda set- te kinnen. Mefrou Veldstra (FNP): De FNP tinkt der ek sa oer. It konvenant is al in jier lyn opsein. Der binne nochal wat fragen losmakke en it freget wat mear tiid ear't men in beslút nimme kin. Mefrou Dekker (PvdA): It is miskien in opsje dat men wat langer skoft hâldt om de fraksjes tiid foar oerlis te jaan. De PvdA wol de gong fan saken net frustrearje. 1 03 Ferslach riedsgearkomste 16 desimber 2008/üdab/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 27