De hear Zijlstra (CDA): Sa tinkt it CDA der ek oer. De foarsitter: Zij concludeert dat een minderheid van de raad het besluitvormende deel wil ver schuiven naar januari, maar dat de meerderheid het deze avond nog wil afhandelen. De hear Seldenrust (FNP): Hy soe graach de gearkomste ûnderbrekke wolle. De foarsitter: Schorst de vergadering. De foarsitter: Heropent de vergadering en geeft het woord aan de heer Seldenrust. De hear Seldenrust (FNP): Hy hat mei alle fraksjes oerlis hân. Men wol it punt earst mienings- foarmjend behannelje en dêrnei wol men yn it skoft besjen hoe't de beslútfoarming plakfine kin. De foarsitter: De agenda wordt vooreerst conform vastgesteld. 1.3 Fêststellen fan it ferslach fan de riedsgearkomste fan 11 en 12 novimber 2008 It ferslach fan 11 novimber De foarsitter: It ferslach wurdt goedkard en fêststeld. It ferslach fan 12 novimber De hear De Visser (PvdA): Op side 4 hat er net in amendemint mar in moasje foarlêzen. De foarsitter: It ferslach wurdt mei de wiziging goedkard en fêststeld. 1.4 Ynkommen stikken Nûmer 5 Mefrou Veldstra (FNP): Oangeande de Ontwikkeling fan de Werpsterhoeke wol sy de moasje fan de gemeente Littenseradiel dêroer graach eefkes parkeare. Yn jannewaris soe sy dy moasje graach belûke wolle by de diskusje oer dat punt. 2. YNFORMEARJEND 2.1 Meidielings: a: Mûnlinge meidielings troch portefúljehâlders Wethâlder De Vries: Der wie in pilotprojekt Alliantie School en Sport. Men moast it stopsette fanwegen in tekoart oan finansjele middelen. Foar 2009 hat men dochs dekking fine kinnen bin nen de Impuls-regeling. Men krijt noch skriftlik ynformaasje. Hy stelt foar de ynformaasje oer de ferkeap fan camping Tusken de Marren by de beäntwurding fan de fragen fan de riedsleden te jaan. Wethâlder Minkes: Foar 2007 krijt de gemeente noch in oanfoljende útkearing (76.000 euro), omdat yn 2007 119 minsken in plak fia in trajekt krige hawwe. Wethâlder Van der Meulen: De gemeente stiet ûnder previntyf tafersjoch en men hat regelmjittich oerlis mei de provinsje. Der is dizze middei yn it oerlis konstateard dat der hiel wat bard is; men hat de kompliminten krige. Der moat lykwols noch hiel wat barre. Yn 2009 stiet men ek noch ûnder tafersjoch. Miskien slagget it dat men per 2010 Onder in lichter tafersjoch komt. De hear Seldenrust (FNP): Hy fynt it frjemd dat de ried fan de kommunikaasje mei de deputearre fia de parse op 'e hichte brocht wurde. Hy sitearret 'tevens gaat hij in op de stand van zaken bij de gemeente Boarnsterhim in aanwezigheid van het college van deze gemeente'. Hy snapt net Pagina 2 1 03 Ferslach riedsgearkomste 16 desimber 2008/odab/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 28