dat de rieddêrfan net op 'e hichte brocht is. Soks kin neffens him eins net. Blykber fynt it kollee- zje it net de muoite wurdich om de ried dêrfan op 'e hichte te stellen. Men sil dus ek nea witte oft men de meidieling fan de wethâlder oars oait wol krige hie. It is wer in foarbyld fan in net- transparant belied. Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje hie in regulier oerlis mei de provinsje en ien kear yn it jier is der in parsekonferinsje oer de stân fan saken. It kolleezje wie seker fan doel om de útkomsten fan it petear mei de ried te dielen. As de ried dat wol dan sil de ried tenei fan tefoaren op 'e hichte steld wurde fan sa'n parseber- jocht. It is dus net bewust op dizze wize bard. De rezjy oer de kommunikaasje lei by de provinsje. De foarsitter: Zij kreeg deze morgen te horen dat er ongerustheid was. Toen heeft zij via de ge meentesecretaris alle fracties op de hoogte gesteld van de bijeenkomst en de persconferentie. De hear Hemminga (GB): It komt dochs frjemd oer dat Boarnsterhim sa eksplisyt neamd wurdt yn it parseberjocht fan de provinsje. Wethâlder Van der Meulen: Dat fernuvere it kolleezje ek. Men hat de deputearre dêrnei frege. In moanne neidat de gemeenten de begrutting ynlevere hawwe wurde de gemeenten ynformeard en wurdt de parse ek ynformeard. It spyt him dat it op dizze wize sa bard is. De hear Van der Sluis (VVD): De hear Galema hat it oer it fytspaad en de brede skoallen hân en dêr hoechde men it earste jier net oer te parten. Kloppet dat? Wethâlder Van der Meulen: As men in duorsum lykwicht hat yn de begrutting dan komt ûnder in lichtere foarm fan tafersjoch en dan kin men dy ynvestearings dwaan dy't men wichtich fynt. Hy hopet dat men yn de rin fan it kommende jier sa fier is. b. Mienskiplike Regelingen Der binne gjin meidielings. c. Brede Scholen Wethâlder Minkes: Op de agenda van 12 december van de stuurgroep stonden geen besluitvor mende voorstellen. Men wil nog eens nadenken over de informatievoorziening naar de raad. Er breekt nu een andere fase aan in het proces. De stuurgroep bekijkt welke communicatie het bes te past binnen het proces en wil alle partijen bij het proces betrekken. De overeenkomst met Welkom is van belang voor de financiën en de planning. De hear Van der Meer (adviseur Welkom): Hy giet eefkes werom yn de tiid. Hy waard yn 2004 frege om nei de werstrukturearring te sjen yn Boarnsterhim. It die bliken dat saken helber wienen en dat hat laat ta in konvenant. Der is in BV oprjochte om elkenien by de les te hâlden en om ta beslútfoarming te kommen. Der binne al wat resultaten lykas yn Aldeboarn, Wergea en Grou. Yn 2007 koe de gemeente de ferplichtings net mear goed neikomme. Dochs is der in needsaak om wiken/strjitten op te knappen. It is spitich dat it dan op 'e non rint. Doe kamen de brede skoallen yn byld en de gemeente hat in tal partijen frege om as strategyske partner te operearjen. Welkom hat as wenningboukorporaasje in wichtige posysje yn de gemeen te en hat ek in belang by de leefberheid yn de gemeente. Op fersyk fan de hear Bonnema hat hy syn tosken yn de saak set. Der is úteinlik in wat ôfslanke foarm fan de brede skoallen oerbleaun. De eksploitaasje fan in skoalle troch in wenningboukorporaasje is tige lestich want men hat rek ken te hâlden mei it Ryk en oare partisipanten. Welkom koe dan ek de skoallen net bouwe. De konklúzje is doe lutsen dat de gemeente ynvesteart, realiseart en beheart. Welkom sil op in oare wize der wol stipe oan jaan. It giet net allinne om de skoalle mar ek om de omjouwing. As men Pagina 3 1 03 Ferslach riedsgearkomste 16 desimber 2008/odab/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 29