De foarsitter: Hy betanket de hear Hijlkema foar de taljochting. 3.3 Foarstel om fêst te stellen "Verordening op de heffing en invordering van veergeld 2009" Er dienen twee correcties te worden aangebracht: In artikel 4, lid 4 wordt verwezen naar lid 5 a,b,c: dit moet zijn een verwijzing naar lid 5. In artikel 11 wordt verwezen naar een besluit van 18 december 2008; dit moet zijn 18 december 2007. De hear Van der Sluis (VVD): De Burdbewenners hawwe pas op 10 desimber in brief krige oer de behanneling fan it foarstel yn it mieningsfoarmjende en it beslútfoarmjende part. Men hat dan ek te min tiid foar goed oerlis. Der is eins gjin wjerstân west tsjin de abonneminten. Elkenien hat hast in abonnemint. De provinsje en de gemeente hawwe it eilan makke en dat is de oarsaak derfan dat der in pont is, dy beide oerheden soenen dan ek foar de konsekwinsjes stean moatte. De Burdbewenners hawwe in foarstel dien: beheining fan de fartiden en ferheging fan de tariven. Dêr is fierder neat mei dien. De tariven wurde no fierstente te heech. De VVD is it hielendal net iens mei it foarstel. Mefrou Veldstra (FNP): Der is in protte ferset by de bewenners fan de Burd. It giet allegearre fier stente hurd. De FNP-fraksje fynt it krap dei om it beslútfoarmjend te behanneljen. It eardere kon- venant is al in jier lyn opsein. De FNP hat ek muoite mei de ferheging fan de tariven foar de fêste bewenners fan de Burd. Om hoefolle húshâldings giet it? Guon moatte no yn ien kear 1000 euro betelje. Kin der foar it lytse tal fêste bewenners gjin útsûndering makke wurde? Guon hawwe yn it ferline seis in bydrage oan de pont levere. Foar dy groep soe de FNP in amendemint yntsjinje wolle. Wêrom binne de nije fartiden noch net bekend? Sy nimt oan dat der simmers mear gebrûk makke wurdt fan de pont as winters. Men krijt in protte reaksjes fan de Burd-organisaasjes. Neffens har ren skriuwen is men wegere om konstruktyf oer de oanpak mei te praten. Hoe sit dat? De hear Looijenga (CDA): De konvenantsperioade rint óf en der moat wat komme foar 1 janne- waris. It hie miskien wat earder foarlein wurde kinnen. De hear Van der Meer (GB): Waarom zou men niet op 13 januari een beslissing kunnen nemen? De hear Looijenga (CDA): Omdat it konvenant per 1 jannewaris ôfrint. Wat kin men as bydrage fan de provinsje ferwachtsje? De hear Van der Meer (GB): Boarnsterhim kan de centen goed gebruiken. In het voorstel staat dat met name het financiële aspect van belang is en dat een substantiële verlaging van het nadelig saldo niet te bereiken is met een enorme verhoging van de overzettarieven. Hij vindt die verho ging echter wel enorm hoog. De communicatie met de bewoners is niet volledig geweest. Twee jaar geleden zijn de tarieven verhoogd met 30%. Dan kan men nu niet spreken van achter gestelde tarieven. Hoe sterk staat de gemeente juridisch in zijn schoenen? De hear De Visser (PvdA): Der ûntstiet in spanningsfjild troch it fêststellen fan in nij roaster wylst de nije fartiden noch net bekend binne. Hoe kontroleart men as immen in ynwenjend gesinslid is fan de abonneminthâlder? In frachtauto is 1 euro djoerder as in gewoane auto, mar nimt wol twa autoplakken yn. As men it konvenant ôfskaffe wol dan rint de feroardering troch as dy net opnij fêststeld wurdt. Pagina 9 1 03 Ferslach riedsgearkomste 16 desimber 2008/odab/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 35