De hear Riemersma (FNP): De motors wurde om de 2 jier ferfongen en dat kin neffens him wol
om de 3 jier. De iene pontskipper wurdt mear betelle wurde as de oare en dêr is dan ek noch wol
wat winst te beheljen.
De hear Van der Meer (GB): Er staat 'met duidelijkheid in het tariefstelsel als uitgangspunt'.
Graag een toelichting daarop. Het gaat volgens hem om een financiële discriminatie. Wegen en
fietspaden kosten ook veel geld.
De hear De Visser (PvdA): Wêrom is it ferskil sa lyts tusken in trekker en in wein en in lúkse
wein?
Mefrou Veldstra (FNP): Oer hoefolle húshâldings giet it oangeande de fêste bewenners fan de
Burd? Wurdt der noch in knip makke oangeande permaninte en rekreative bewenning?
De hear Van der Sluis (VVD): Der moat in algemiene oplossing komme lykas in izeren tunnel by
Goattum. Hat it kolleezje dat ûndersocht? It kolleezje moat mei de Burdorganisaasjes om de tafel.
Wethâlder Van der Meulen: Hy nimt de suggestje fan de hear Riemersma mei. Men moat de cao
neikomme. Soms makket men gebrûk fan ynfalkrêften. Men besiket it binnen de noarm fan de
cao sa goedkeap mooglik te dwaan.
De hear Riemersma (FNP): Hy nimt oan dat beide krêften ûnder de cao falie, mar dêr sit wol in
ferskil yn.
Wethâlder Van der Meulen: Men sil deroan wurkje. De rekkenkeamer hat de ried adviseard oer de
feroardering.
De hear Van der Meer (GB): Wat betekent dan 'de duidelijkheid in het tarievenstelsel als uit
gangspunt'?
Wethâlder Van der Meulen: Der hat in hiele diskusje west yn de ried nei oanlieding fan it rapport
fan de rekkenkeamer oer it punt dat de kombinaasje fan konvenant en feroardering net dúdlik wie
en dat hat laat ta it foarstel.
Men hie it ferskil tusken auto en trekker mei wein heger meitsje kinnen, mar it moat wol binnen it
reedlike bliuwe. It is net sa dat elke kear mei trekker en wein in plak fan in auto beset wurdt.
It kolleezje is wol fan doel om rekken te hélden mei deselden dy't yn it ferline as fêste bewenner
meibetelle hawwe oan de pont; dat wol men dwaan fia in oergongstaryf foar 5 jier.
It kolleezje hat ûndersyk dien nei in tunnel; dat is noch net sa maklik en ferget in flinke ynvestea-
ring. It makket wol ûnderdiel út fan it oerlis mei de provinsje.
De foarsitter: As B-stik nei it beslútfoarmjende part.
3.4 Foarstel om meiwurking te ferlienen oan it oprjochtsjen fan 2 healfrijsteande wenningen
op it perseel Rijksweg 84 yn Jirnsum
Mefrou Esser (PvdA): It stiet der hiel suterich by en dêrom is de PvdA tige posityf oer it foarstel.
Wethâlder Minkes: Sy is bliid dat dizze artikel 19 lid 1 proseduere dit kear goed fait.
De foarsitter: As A-stik nei de ried.
Pagina 12
1 03 Ferslach riedsgearkomste 16 desimber 2008/odab/12