De hear Looijenga (CDA): Der stiet 'Leden van de WMO-raad worden door het college op voor dracht van de WMO-raad benoemd'. De WMO-ried is der lykwols noch net. Wethâlder Minkes: Men moat earne begjinne. Der sil mei de ried kommuniseard wurde oer de yn- folling fan de WMO-ried. Men wol sa breed mooglik de mienskip derby belûke. De feroardering jildt per 1 jannewaris. De hear Riemersma (FNP): It is no mieningsfoarmjend oan de oarder. Jout it gjin problemen dat de beslútfoarming noch net plakfûn hat? Wethâlder Minkes: Nee. Artikel 6 moat oanpast wurde. Men kin it kolleezje oansprekke op de út- fiering fan de feroardering en dêrom soe sy artikel 6 sa stean litte wolle. Mefrou Dekker (PvdA): Der wurdt in artikel skrast en dan kin it neffens har net as A-stik fierder. Wethâlder Minkes: Ynhâldlik feroaret der neat. Men sil derfoar soargje dat men foar de folgjende gearkomste it goede stik krijt. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.8 Foarstel om yn te stimmen mei de begruttingswiziging (programma Werk Bestaans zekerheid) oangeande in "eenmalige uitkering minima 2008" De hear Hemminga (GB): Men hat in brief fan de hear De Jong fan de kliïnteried krige. Wêrom is der net mei de kliïnteried oerlein en neat dien mei it foarstel om it breder te lûken? Hy fynt it foarstel fan de kliïnteried tige sympatyk. De hear De Jong (PvdA): Hij sluit zich daarbij aan. De middelen zou men kunnen gebruiken voor de armoedebestrijding. De hear Riemersma (FNP): Hy slút him by de eardere sprekkers oan. Wethâlder Minkes: Wat bedoelt de hear Hemmeinga mei 'breder lûken'? De hear Hemminga (GB): As de groep wat útwreide wurdt dan kinne mear minsken der gebrûk fan meitsje. Wethâlder Minkes: It giet út fan maksimaal 120% minimumynkommen. Fierder wurdt it sjoen as gift. Minsken mei in bystânsútkaring en minsken dy't in berop dien hawwe syktekostenfergoe- ding fia de bysûndere bystân hawwe it jild al krige. De oare minsken hawwe har op grûn fan yn- formaasje yn Op 'e Hichte melde kinnen. By it foarstel fan de PvdA is der sprake fan nij belied. Op 4 desimber hat men in brief oan de foarsitter fan de kliïnteried skreaun. Sy wol by de tafersjochhâlder freegje oft der wat romte oer is foar de besteging fan wat der fan it potsje oer bliuwt. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.9 Foarstel begruttingswiziging Hulpverleningsdienst Fryslân oangeande integrale Jeugd gezondheidszorg De foarsitter: Constateert dat de raad geen opmerkingen heeft over het voorstel. De zienswijze van de raad zal doorgegeven worden. Pagina 14 1 03 Ferslach nedsgearkomste 16 desimber 2008/odab/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 40