De foarsitter: Zij schorst de vergadering om gelegenheid voor overleg te geven aangaande het
voorstel over de veerpont.
De foarsitter: Heropent de vergadering. De tekst van de voorgleged verordening is op onderdelen
gewijzigd (zie bijlage). Men kan bezwaren maken op die onderdelen die gewijzigd zijn. Zij geeft
het woord aan wethouder Van der Meulen.
Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje stelt dus foar om elkenien dy't in abonnemint hie om dy
frij te stellen fan fearjild salang't der noch gjin nije feroardering is. Yn de âlde feroardering waard
per ferfiermiddel betelle en yn de foarlizzende feroardering moatte minsken neist de bestjoerder
ekstra kaartsjes betelje.
10 MINUTEN SKOFT
4. BESLUTFOARMJEND
4.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 4.2 oantenmei 4.9
Der binne gjin ynsprekkers.
4.2 Foarstel om fêst te stellen "Verordening op de heffing en invordering van veergeld
2009"
De foarsitter: Het college van B&W stelt voor de ter vergadering ingebrachte gewijzigde "Veror
dening op de heffing en invordering van veergeld 2009" vast te stellen (zie bijlage).
De hear Van der Sluis (VVD): Der is gjin dúdlikheid oer de fartiden en oer de opstelling fan de
provinsje en oer de kontakten tusken de Burdorganisaasjes en de gemeente. Der sil fêst in
rjochtssaak út fuortkomme. It kolleezje soe in mediator beneame moatte om ta in oplossing tus
ken tusken de provinsje, de Burdorganisasjes en de gemeente te kommen.
De hear Van der Meer (GB): Alleen de inzittenden van de auto zullen nu mee moeten betalen.
Wat is de schatting van de extra opbrengst? Men betaalt bij andere veren en tolwegen toch ook
niet voor de inzittenden?
GB kan meegaan met het voorstel van de VVD.
Mefrou Veldstra (FNP): Sy is it iens mei it foarstel fan de VVD. It bliuwt knip- en plakwurk. Op
dit stuit binne tal fan saken noch ûnwis. Minsken hawwe gjin kâns hân om yn te sprekken.
Mefrou Dekker (PvdA): Sy tocht dat men yn it mieningsfoarmjende diel ta in kompromis kommen
wie. It kolleezje is de ried yn 'e mjitte kommen en no wol de FNP alles fan de tafel.
Mefrou Veldstra (FNP): Sy stipet in foarstel fan de VVD.
Mefrou Dekker (PvdA): Sy seit it tsjin deselde dy't dat foarstel docht en dy't it stipet.
De hear Seldenrust (FNP): Men woe it yn it skoft nochris oer de beslútfoarming hawwe; it kollee
zje soe mei in wizigingsfoarstel komme. It bliuwt lykwols yn wêzen in stikje broddelwurk. It kol
leezje moat mei in folslein foarstel komme.
Mefrou Dekker (PvdA): Hoe moat it dan neffens de FNP fierder? As men nee tsjin it foarstel seit
dan bliuwt it âlde bestean.
De foarsitter: De FNP is tsjin it foarstel en fersiket it kolleezje mei in nij, kompleet foarstel te
kommen.
Pagina 15
1 03 Ferstach nedsgearkomste 16 desimber 2008/odab/15