Wethâlder Van der Meulen: De VVD wol it foarstel net folgje. Dan bliuwt de âlde feroardering yn stân en dat is yn de eagen net winsklik. De Burdbewenners ûnderfine gjin skea fan it foarstel fan it kolleezje. Hy hat wis wol oerlis mei de Burdbewenners. As men wit wat de provinsje bydrage wol dan kin it kolleezje mei in folslein foarstel komme. Hy tinkt dat der gjin tûzenen euro's mear binnenkomme troch de ynsittenden meibetelje te litten. Twadde termyn De hear Van der Meer (GB): Het gaat dus om een klein bedrag dat opgebracht wordt door inzit tenden. Indien dit onderdeel geschrapt wordt uit de nu voorliggende gewijzigde verordening, dan zou GB kunnen instemmen. De hear Looijenga (CDA): Men hat yn it mieningsfoarmjende part praat oer in oerbrêging. Der komt dus in nije feroardering. It CDA kin him yn it foarstel fan it kolleezje fine. Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje hat der gjin problemen mei om de ynsittenderegeling te skrassen. De foarsitter: Brengt in stemming de ter vergadering door het college ingebrachte gewijzigde ver ordening, inclusief de door wethouder Van der Meulen zojuist ingebrachte wijziging om de passa- ge"of inzittende, niet zijnde de bestuurder, genoemd in lid 3" uit artikel 4, lid 2 te schrappen. De fracties van FNP en VVD stemmen tegen vaststelling van de voorgelegde gewijzigde verordening (5 stemmen tegen) en de fracties van PvdA, CDA en GB stemmen voor de gewijzigde verorde ning (11 stemmen voor). De voorzitter constateert dat de raad de verordening vastgesteld heeft. 4.3 Foarstel om de bonusútkering fan Aquario Watermanagement BV ta te foegjen oan it saldo Incidenteel Onvoorzien begroting 2008 Mefrou Veldstra (FNP): De provinsje hat it jild foar Ympuls ynhâlden en dêrom woe de FNP it jild besteegje foar it Sintrum foar Jeugd en Gesin. Dêrta hat de FNP in moasje opsteld. Sy lést de moasje foar: De ried fan de Gemeente Boarnsterhim, yn gearkomste byien op tiisdei 16 desimber 2008. Oerwaget: dat de Nota Jeugd Gesin, oangeande it beliedskader 2008-2012, in kâns fan slagj- en krijt, as der ek genôch finansjele middels beskikber binne en sjoen dat de gemeente de ekstra ympuls misrint fan likernôch 24.500,- de bonusútkering hjir yn temjitte komme kin. Fersiket de ried om it bedrach fan 16.271,68 fan de bonusútkering fan Aquario ta te skikken oan agindapunt 4.4 foar de nota Jeugd Gesin. En giet oer ta de oarder fan 'e dei. Wethâlder Van der Meulen: De moasje soe by de provinsje gjin skyn fan kâns hawwe. Hy ûn- triedt dêrom de moasje. De foarsitter: Zij brengt het voorstel in stemming. Mefrou Dekker (PvdA): Men hat it der de foarige kear al dúdlik oer hân. De foarsitter: Zij constateert dat het voorstel zonder hoofdelijke stemming wordt aangenomen. Zij brengt vervolgens de motie in stemming. Pagina 16 1 03 Ferslach nedsgearkomste 16 desimber 2008/odab/16

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 42