De hear Zijlstra (CDA): Hy is net foar de moasje. It koe ek net nei it GRP. De foarsitter: Zij brengt de motie in stemming. De motie wordt met 3 stemmen voor (FNP) en 13 stemmen (PvdA, CDA, VVD en GB) tegen verworpen. 4.4 Foarstel om yn te stimmen mei de startnotysje "Opgroeien met kansen, startnotitie Jeugd en Gezin integraal beleidskader 2008-2012" Mefrou Meinderts (CDA): Eigen Kracht soe mear de klam krije kinne neffens it CDA. Sy hat de ried ynformaasje dêroer tastjoerd. De ferantwurdlikheid foar in helpplan leit yn it foarste plak by de direktbelutsnene, de famylje en it sosjaal netwurk. De helpferliener komt dus seis net mei de oplossing. It gesin bliuwt ferantwurdlik foar de oplossing. In plan dat feilich is foar de bern en net yn striid mei de wet. De pilots yn ferskate plakken hawwe goede resultaten brocht. Eigen Kracht is net oanbodstjoerd mar fraachstjoerd. It punt soe de oandacht krije neffens de wethâlder yn de útfieringsnota. De hear De Boer (PvdA): De PvdA stiet achter de startnotysje. Men sjocht grutte kânsen dat it Sintrum foar Jeugd en Gesin in spil wurdt foar de oanpak fan de problemen fan de jeugd. Men is tige nijsgjirrich nei it konkrete gehalte fan de beliedsnotysjes. De gemeente hat in tige heech am- bysjenivo. Oangeande it Eigen Kracht-model. It model kin as oanbefelling om der nei te sjen de ynstimming fan de PvdA hawwe, mar net as in ferplichting om der gebrûk fan te meitsjen. Wethâlder Van der Meulen: Dêr wêr't it mooglik sil de soarchferliener it model Eigen Kracht ta- passe en it sil yn de útfieringsnota omtinken krije. Twaddetermyn Mefrou Meinderts (CDA): Der is in protte ynformaasje oer Eigen Kracht. It is de bedoeling is dat it as earste ynset brûkt wurdt by in helpferlieningstrajekt. Binnen de organisaasje wit men wol wat de adressen binne fan Eigen Kracht. De hear Hemminga (GB): Moat it no opnommen wurde yn de startnotysje? Mefrou Meinderts (CDA): Nee. It is de bedoeling dat it yn de útfieringsnotysje opnommen wurdt. De riedsleden krije per mail in site troch dy mear ynformaasje oer Eigen Kracht jout. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.5 Foarstel om gjin meiwurking te ferlienen om in seksynrjochting te festigjen op it perseel Warniahúzen 2 yn Aldeboarn De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.6 Foarstel oangeande ûntwerpbestimmingsplan Terherne - Villapark De Herne De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.7 Foarstel om yn te stimmen mei it beliedsplan Wmo 2008-2011 De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.8 Foarstel om fêst te stellen de feroarderingen oangeande Unreplik Saakbelesting, Forin- zebelesting en Leezjes De hear Van der Meer (GB): Is het mogelijk dat men zicht kan krijgen op de verschillen met het jaar daarvoor? Pagina 17 1 03 Ferslach nedsgearkornste 16 desimber 2008/odab/17

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 43