De hear Hemminga (GB): It giet neffens him om de alfabetyske folchoarder en net om in ófkoar- ting. De foarsitter: Het lijkt haar goed om nog eens, bijvoorbeeld in de werkgroep dualisme, naar dit onderwerp te kijken. 1.3 Fêststellen fan it ferslach fan de riedsgearkomste fan 28 oktober 2008 en 3 novimber 2008 It ferslach fan 28 oktober De hear Riemersma (FNP): Op side 19 moat stean dat it him net oan woe dat it wetter "fan leech nei heech streamt." De foarsitter: It ferslach wurdt mei de wiziging goedkard en fêststeld. It ferslach fan 3 novimber De foarsitter: It ferslach wurdt goedkard en fêststeld. 1.4 Ynkommen stikken Nûmer 5 Mefrou Veldstra (FNP): Sy soe graach de brief (Actiecomité Werpsterhoek NEE!) op de wurklist fan de gearkomste van de rie op 16 desimber sette wolle, want de Ontwikkeling op de Werpster- hoeke soe in bedriging foar de Ondernimmers fan Boarnsterhim foarmje kinne. Mefrou Dekker (PvdA): Wat is it doel fan sa'n gearkomste? Mefrou Veldstra (FNP): It aksjekomitee wol witte wat de gemeente fan de Ontwikkelings fynt. Mefrou Dekker (PvdA): Elke fraksje kin al of net adheezje oer dat punt kenber meitsje. Foar de PvdA hoecht it net op de aginda. De hear Bouma (VVD): De VVD fynt it wol wichtich om in sinjaal óf te jaan en is dêrom foar it foarstel fan de FNP. De hear Hemminga (GB): GB wol der ek wol oer prate, mar men moat net al te gau oardielje oer saken fan oare gemeenten. De hear Zijlstra (CDA): It CDA soe der yn jannewaris/febrewaris oer prate wolle. Wethâlder De Vries: It kolleezje hat al earder de soargen oer de Ontwikkeling fan Ljouwert Súd oanjûn. Der is noch in petear mei de nije portefúljehâlder fan Ljouwert en hy soe mei de Otkom- sten dêrfan de diskusje oer it punt fiere wolle. Hy ferwachtet dat it petear yn jannewaris plakfine Mefrou Veldstra (FNP): It komitee ferwachtet oars wol in Otspraak fan de ried. De foarsitter: De eerste reactie zou kunnen zijn dat het in januari in de raad komt en dat men daarna geïnformeerd wordt over het standpunt van de raad. De griffier zal een brief met deze in- hioud zenden aan het actiecomité. Mefrou Esser (PvdA): It VNG komt mei in 'Handreiking duurzaam inkopen'. Soene alle riedsleden in eksimplaar dêrfan krije kinne? Pagina 2 1 03 Ferslach riedsgearkomste 2 desimber 2008/odab/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 5