De foarsitter: Zodra deze komt, zal de griffier de raadsleden daarvan in kennis stellen. Nûmer 15 Mefrou Veldstra (FNP): Sy nimt oan dat de brieveskriuwster (brief hûnebelesting) in antwurd krijt en sy soe ek graach hawwe wolle dat de ried dat antwurd ûnder eagen krijt. 2. YNFORMEA RJEND 2.1 Meidielings: a: Münlinge meidielings troch portefúljehâlders Wethâlder De Vries: Men hat mei it bestjoer fan museum De Trije Gritenijen yn petear west en de knipepunten besprutsen. Der binne ôfspraken makke. De gefoelens oer dat oerlis binne goed. Wethâlder Minkes: It regear hat besletten ta ekstra ferstrekking fan 50 euro de húshâlding mei in minimum-ynkommen (oant120% fan de bystânsnoarm). Men hat dêroer kontakt hân mei de pro- vinsje. By wize fan útsûndering hat de provinsje deryn tastimd om it jild út te kearen. It wurdt út- keard oan minsken dy't yn de bystân sitte en ek oan de minsken dy't in berop dien hawwe op de syktekostefersekering en de bysûndere bystân. Fierder kinne minsken dy t tinke der ek rjocht op te hawwen har melde. It wurdt yn Op 'e Hichte publisearre. De útfieringskosten binne foar de gemeente en men tinkt dat men it yn desimber útkeare kin. Der is oansluting socht mei it mini- mabelied: de grins is 120% bystânsnoarm mei in fermogenstoets. It bedrach sil net ferrekkene wurde mei eventuele skuldhelpferlieningstrajekten. De hear Bouma (VVD): De Ljouwerter Krante jout in oar byld. Hy is bliid dat dat no werlein wurdt. De VVD fynt dat men der pragmatysk mei omgean moat en dan kin men it bedrach foar de kryst oermeitsje. De hear De Jong (PvdA): In de motie die ingediend is bij de begrotingsbehandeling is de vermo genstoets niet opgenomen. Blijkbaar slaagt tweederde van de Friese gemeenten er wel in om die 50 euro zonder vermogentoets toe te kennen. Dat zou ook voor Boarnsterhim moeten gelden. De hear Zijlstra (CDA): Dêr stiet it CDA folslein achter. De hear Riemersma (FNP): Yn Op 'e Hichte wurdt allinne de 1 20%-noarm neamd. Foar de FNP moat de fermogentoets der óf. Wethâlder Minkes: It advys fan de VNG slút sa folie mooglik oan by it gemeentlik minimabelied. As men ófwike wol fan it belied dan moat de ried dat kenber meitsje. De ried hat by it minimabe lied oant no ta altyd keazen foar de 120% bystânsnoarm mei in fermogentoets. De foarsitter: Zij wijst erop dat bij de begrotingsbehandeling de inhoudelijke discussie al gevoerd Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA hat in moasje yntsjinne en weromlutsen nei de tasizzing fan it kolleezje dat men it oernimme soe. Dat wurdt no net dien troch it kolleezje en dêrom moat der no romte foar diskusje wêze. Mefrou Veldstra (FNP): Neffens har moat men opnij in beslút nimme; it komt op 16 desimber by it punt fan de begruttingswiziging werom. Pagina 3 1 03 Ferslach riedsgearkomste 2 desimber 2008/odab/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 6