Wethâlder Minkes: Het is een begrotingswijziging en die moet inderdaad formeel nog bekrachtigd worden. De hear Riemersma (FNP): Hy kin him fine yn de wurden fan mefrou Dekker. De foarsitter: Zij schorst de vergadering om iedereen gelegenheid voor overleg te geven. De foarsitter: Heropent de vergadering en geeft het woord aan wethouder Minkes. Wethâlder Minkes: It kolleezje tocht 'in de geest' fan de moasje hannele te hawwen. De gemeen te rint in risiko by it foarstel fan de ried omdat men ûnder tafersjoch stiet. It kolleezje kin der ly- kwols wol achter stean en as it net slagget dan komt sy op it punt werom. De hear Riemersma (FNP): De provinsje soe der neffens de wethâlder noch oer gear. Mar de ge meente is dochs allinne in trochjoulûk? Wethâlder Minkes: It jild is net 'geoormerkt' mar wol 'geoogmerkt'. Mar der jilde wol regels foar it previntyf tafersjoch en dan wurdt it as nij belied sjoen. De hear Riemersma (FNP): Mar neffens de krante krijt men wat men fan it Ryk oanfreget. Wethâlder Minkes: It stekt wat oars yn inoar. Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje hat besletten om it konvenant foar de Sintra foar Jeugd en Gesin te tekenjen. It konvenant wurdt op besjen lein. Men soe it mooglik op 16 desimber noch by de nota 'Jeugd, gezin en onderwijsbeleid' meinimme kinne. b. Mienskiplike Regelingen Wethâlder Minkes: Der is in mienskiplike regeling Helpferlieningstsjinst Fryslân. Men hat ek in ad- vyskommisje iepenbiere sûnenssoarch. Men hat him dit jier benammen dwaande hâlden mei de yntegrale sûnenssoarch foar de jeugd. De yntegraasje moat op 1 jannewaris 2009 klear wêze. Der is in beslisdokumint klear en sy wol dat eins op 16 desimber yn de ried bringe. De dei dêrnei fynt de beslútfoarming plak. c. Brede Scholen Grou Akkrum Wethâlder Minkes: De stjoergroep hat 14 novimber by elkoar west en men hat doe de riedsgear- komste fan 11 novimber evalueard. Men wie bliid mei de tastimming fan de ried om fierder te gean mei de Ontwikkeling fan de brede skoallen. De toan fan de kommunikaasje mei de ried is ti- ge wichtich neffens de stjoergroep. Der wurdt in grut berop dien op it Onderlinge fertrouwen. Yn in ekstra Op 'e Hichte wurdt ynformaasje jûn oer de stân fan saken. De fersprieding beheint him ta Grou en Akkrum. Op 27 novimber hat der oerlis fan de stjoergroep en in fertsjintwurdiger fan Welkom mei de PB'en fan Grou en Akkrum west. De gedachte is no om de PB'en fia projektgroepen te belûken by saken as romtlike oardering en ferkearssaspekten. De stjoergroep sil har beriede op de wize fan kommunikaasje mei de PB'en en de omwenners fan de boulokaasjes. De stjoergroep wol de planning goed sichtber meitsje. Der is yn de amtlike organisaasje nei sjoen hokker amtners derby belutsen wurde moatte. Utgongspunten dêrby binne behâld fan de kennis en it sa ticht mooglik by de organisaasje bliuwen. Op de gearkomste fan 16 desimber sil Welkom ynformaasje oan de ried jaan oer de stân fan sa ken oangeande de gearwurking. Pagina 4 1 03 Ferslach riedsgearkomste 2 desimber 2008/odab/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2009 | | pagina 7